Kornyske spylfilm Enys Men giet de wrâld oer
Resint ferskynd
De horrorfilm Enys Men giet de wrâld oer. Dat is bysûnder, want de film liket op gjin inkelde wize op in Hollywoodfilm. Dat sjocht men fuortendaliks: hy is fêstlein op 16-millimeterfilm, de byldkwaliteit en de kleuren lykje út de foarige iuw te kommen en de wat âldere haadrolspilers lykje op minsken dy’t jo by de supermerk tsjinkomme.
De titel fan de film betsjut ‘eilân fan stien’. Enys Men is Kornysk en dat is ek bysûnder, want dy oarspronklike taal fan Cornwall is yn de 18e iuw útstoarn. Yn de 20e iuw begûnen minsken him wer te learen en wilens binne der wer in pear hûndert sprekkers en sels in hantsjefol memmetaalpraters.
De fiertaal yn de film is it Ingelsk, mar der sitte in protte eleminten yn út de Kornyske kultuer: nammen yn it Kornysk, tradisjonele klean út de streek en âlde myten. De film is troch kritisy tige posityf ûntfongen. De premjêre wie yn maart fan dit jier op it filmfestival yn Cannes. Sûnt is de film op allegear filmfestivals yn ferskillende lannen draaid. Fan jannewaris ôf is er yn in grut tal bioskopen yn it Feriene Keninkryk te sjen.
Hoewol’t de film Ingelsktalich is, wurdt der yn it Feriene Keninkryk reklame foar makke mei in Kornysktalige poster. Dy is hjirûnder te sjen:

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje