Komt der dochs in nije perfester Frysk yn Grins?

desimber 7, 2022 11:24

Komt der dochs in heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins? De opfolchster fan perfester mjirkes Goffe Jensma is Anne Merkuur, dy’t ynstee fan foltiidsheechlearaar in gewoane dosinte mei in dieltiidoanstelling wurden is. Dat late ta in soad protest, sawol yn Fryslân as by de polityk yn De Haach. Mooglik komt it no dochs oars.

Dat skriuwt de UKrant, de universiteitskrante fan Grins. “We willen nu kijken hoe we op een andere manier toch op het niveau van een hoogleraar iets kunnen organiseren”, seit wurdfierster fan de universiteit Anja Hulshof.

Op hiel koarte termyn sil dat net slagje. Frou Hulshof seit: “Wij verwachten niet dat het voor kerst lukt.”

De universiteit hat fierder tasein dat er op it mêd fan de Fryske taal folle mear gearwurkje sil mei de Fryske Akademy en hegeskoalle NHL Stenden. Fierder wurdt der in ekstra fakatuere útskreaun foar in ûndersiker fan it Frysk.

desimber 7, 2022 11:24
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - desimber 7, 14:46

    Op hiel koarte termyn ?? Raar Frysk. Mei gauwens…is better.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.