Kommissaris Brok krijt boek oer Fryske plaknammen út hannen fan learlingen Frysk

desimber 12, 2022 16:43

Moandei 12 desimber 2022 wie de presintaasje fan it boek: Der dy namma fan heten is – it komôf fan plaknammen, skreaun troch Pieter Duijff. It earste eksimplaar is oanbean oan de kommissaris fan de Kening yn Fryslân, Arno Brok yn it Ljouwerter Lyseum fan OSG Piter Jelles. Learlingen Frysk fan de Talint Akademy fan OVO Fryslân-Noard hawwe it earste eksimplaar oan de kommissaris jûn.

Boarne: Bornmeer

“In macht oan plaknammen”
Yn Fryslân tilt it op fan doarpen, en der binne ek noch alve stêden. Efter de namme fan elk fan dy delsettingen sit in ferhaal. Wêrom hawwe de minsken harren wenplak neamd sa’t it hjit? Mei kennis fan it Frysk en oare talen troch de iuwen hinne, kin dochs fan gâns fan dy nammen wol aardich wat fan it komôf sein wurde. Yn dit boek wurde yn goed fjouwerhûndert koarte haadstikjes de nammen fan alle offisjele Fryske delsettingen beskreaun.

Fryske Akademymeiwurker Pieter Duijff, de auteur fan it boek, is ek as dosint Frysk oan de Talint Akademy van OVO Fryslân-Noard ferbûn. Hy hat ek jierrenlang lesjûn by ûnder mear de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk fan NHL Stenden yn Ljouwert en Grins, de Fakulteit fan de Geasteswittenskippen fan de Universiteit fan Amsterdam en de Afûk yn Ljouwert. Hy fûn it wichtich dat dit boek der kaam: “Minsken wolle gewoan graach witte wêr’t de namme fan harren wenplak weikomt.”

De Talint Akademy
De skoallen fan OSG Piter Jelles en RSG Simon Vestdijk (ûnderdiel fan OVO Fryslân-Noard) hawwe de Talint Akademy as ûnderdiel fan it lesoanbod. Yn de Talint Akademy biede sy as skoallen mei-inoar fakken oan, sadat learlingen dochs kieze kinne, ek as in fak net op ien fan de skoallen oanbean wurdt. Njonken Frysk binne ûnder mear Sineesk, Wiskunde D en Spaansk fakken dy’t yn it ramt fan de Talint Akademy oanbean wurde.

desimber 12, 2022 16:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.