Wurkatelier keramykreparaasje yn it Prinsessehof
Resint ferskynd
Favoryt feestservys stikken? Of ien mei de hjeldagen in unyk kado jaan? Brutsen keramyk kin men in twadde libben jaan. Op snein 11 desimber jouwe Lotte Dekker en Gieke van Lon fan ûntwerpstudio Humade in wurkatelier Kintsugi yn it Prinsessehof yn Ljouwert.

Foarbyld fan Kintsugi (foto: Humade)
Besikers kinne in brutsen stik keramyk meinimme en it reparearje mei de iuwenâlde Japanske technyk Kintsugi. Troch de groeden just net wei te wurkjen mar mei goudlym te beklamjen, wurdt it produkt moaier as ea. It wurkatelier begjint om 11.15 oere en duorret likernôch twa oeren. In kaartsje foar it wurkatelier kostet 40 euro. Fia princessehof.nl/tickets binne kaarten te reservearjen, der binne noch mar in pear plakken beskikber.
Oer Humade
Yn 2010 rjochten Lotte Dekker en Gieke van Lon ûntwerpstudio Humade op. De susters binne ôfstudearre oan de Untwerpakademy yn Eindhoven en hawwe in eftergrûn yn trends sjen en ynterieur- en produktûntwerp. Harren produkten rinne derút troch in duorsum karakter. Mear ynformaasje stiet op www.humade.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje