Kânsen foar ferbettering greidefûgelkompensaasje
Resint ferskynd
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
- YouTube heft blokkade âld-presidint Trump ek op 0
- Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april 1
De ôfrûne perioade evaluearre de provinsje Fryslân de greidefûgelkompensaasje: de regels dy’t jilde om de rêst en iepenheid fan greidefûgelgebieten te behâlden. De kontrôle op dy regels en it kompensaasjebelied yn de praktyk wurkje foldwaande, mar der binne wol ferbetterkânsen. Bygelyks in nije wurkwize foar it ôfsluten fan behearkontrakten foar de greidefûgelkompensaasjegebieten.

Foto: Provinsje Fryslân
Sûnt it yngean fan de greidefûgelkompensaasjeregeling binne der 146 projekten foarby kommen. Tink oan de oanlis fan grutte diken lykas De Heak, fan wynparken, mar ek de bou fan nije wenwiken. By 45 is der sprake fan in kompensaasjeferplichting. Dêrfan hawwe 32 projekten oan de ferplichting foldien, binne der 12 noch yn ûntwikkeling en wurdt foar ien projekt de status noch ûndersocht. Yn totaal is der sa’n 9 miljoen euro yn it greidefûgelkompensaasjefûns ynkommen. Fan dat budzjet is troch de jierren hinne op 195 bunder agrarysk natuerbehear útfierd en is sa’n hûndert bunder oan greidefûgelnatuergebiet realisearre.
Ferbetterkânsen
De fraach oft it kompensaasjebehear effektyf west hat, is no noch net goed te beäntwurdzjen. De wize fan monitoarjen fan it behear is gaadlik om mei de tiid en op provinsjale skaal wat oer it sukses derfan sizze te kinnen. Omdat it behear noch net sa lang tiid útfierd wurdt, slagget dat no dus noch net. Dat is ien fan de ferbetterpunten út de evaluaasje. Oare punten binne it oanpassen fan it kompensaasjebedrach, it ferbetterjen fan it monitoarjen en it fergoedzjen fan it kompensaasjebehear op deselde wize as by it Agrarysk Natuer- en Lânskipsbehear en de Subsydzje Natuer en Lânskip.
Der is noch goed 2,3 miljoen euro beskikber yn it greidefûgelkompensaasjefûns foar nije behearprojekten. Mar in dúdlike wurkwize foar it ôf te sluten behear ûntbrekt. Yn 2023 wurdt dat útwurke. De fokus leit dan op takomstbestindich, langjierrich en fleksibel behear.
Kompensaasjeregeling
Yn Fryslân wurkje in soad organisaasjes en grûneigeners oan it behâld fan greidefûgels. Under oare troch greidlân fûgelfreonlik yn te rjochtsjen en te behearen. Om de rêst en iepenheid fan de greidefûgelgebieten te behâlden, binne der regels foar it kompensearjen fan greidefûgelgebiet as der sprake is fan fersteuring troch nije romtlike yngrepen. Bygelyks de útwreiding fan in camping, it bouwen fan in ekstra stâl, de oanlis fan in nije dyk of de ûntwikkeling fan in bosk kinne in gebiet minder geskikt foar greidefûgels meitsje. Dy regels steane yn de Feroardering Romte Fryslân 2014.
Soarget in nije romtlike yngreep foar mear fersteuring fan greidefûgelgebieten as der no al is, dan moat de inisjatyfnimmer it belang fan de yngreep oantoane en soargje foar kompensearjende maatregels. Giet it om 0,5 hektare of mear dat fersteurd wurdt, dan moat it gebiet kompensearre wurde. De provinsje leit dan in finansjele ferplichting op. Dat jild wurdt troch de provinsje ynset foar kompensaasjegebiet en -behear.
Op 25 jannewaris behannelje de Steaten de evaluaasje fan de greidefûgelkompensaasjeregeling en de oanbefellings.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje