Kaartferkeap Nijjiersfeest Smellingerlân úteinset
Resint ferskynd
De besikers fan it Nijjiersfeest fan Smellingerlân op 7 jannewaris 2023 kinne fan oaljekoeken, bubbels en in spektakulêr programma genietsje. De kaartferkeap foar it feest is op 1 desimber úteinset.

Boarne: De Lawei
Om 16.00 oere iepenet De Lawei de doarren foar it jierlikse feest. De middei wurdt om 16.30 oere iepene mei in nijjierstaspraak troch boargemaster Jan Rijpstra. Angela van Arendonk en har dûnsers en de perkusjonisten fan Drumskoalle Drachten soargje foar in daverjende iepeningsfoarstelling.
De rockband Straight on Stage bringt yn de grutte foyer in sjo fol enerzjy en passy. De besikers wurde meinommen nei de goeie âlde dagen en litte bekende rockhits fan eartiids hearre. Yn teäterkafee Hopper kin dûnse wurde en foar de bern is der ek genôch te belibjen. It folsleine programma wurdt yn ’e kommende wiken bekend makke fia www.lawei.nl.

Boarne: De Lawei
Kaarten, online te keap fia www.lawei.nl of by de baly fan De Lawei kostje € 3,- mei in drankje ynbegrepen. Bern oant achttjin jier krije fergees tagong. Dêr moatte wol fergeze kaarten foar besteld wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje