Jan Bosgraaf: Stille Nacht
Resint ferskynd
Kollum
De ôfrûne moannen ha ’k oer in stikmannich yn it each rinnende ferskynsels yn de maatskippij in loftige, myldkrityske kollum skreaun. Alteast, dat wie de bedoeling. De lêzer makket mar út oft ik dêryn slagge bin. No jilde der amper regels dêr’t in kollum oan foldwaan moat. Wat dat oangiet hie ’k der dus likegoed yn batse kinnen. Mar dêr bin ik de man net nei. Der wurdt al te folle op in ûnfoege wize tsjin fan alles en noch wat oan skopt. Soks wurket earder dwersferkeard as dat it wat opsmyt. Lokkich jilde der ek amper beheiningen foar it ûnderwerp fan in kollum. Dat docht ek wol bliken út de kollums op It Nijs. Se geane fan húslike foarfallen oant en mei de wrâldproblematyk.
Wylst ik oan dizze kollum begjin, hear ik op de eftergrûn op Omrop Fryslân ’Kryst mei Douwe’. Dêrtroch kom ik op it idee om diskear mar ris wat oer kryst te skriuwen. It heart by de tiid fan it jier. No is dêr fansels hiel wat oer te skriuwen. Oer de betsjutting of oer it ûntstean fan kryst. Mar dan wurdt de kollum fierstente grut. Dêrom behein ik it ta in âld, wrâldferneamd krystliet, Stille Nacht.

Histoaryske foto fan de Nicola-Kirche, Oberndorf, Eastenryk (publyk domein)
Joseph Mohr (1792 – 1848) wie in Eastenrykse pryster en dichter. Hy waard berne út in bûtenechtlike relaasje. Dêrom moast er paus Pius VII spesjale tastimming freeje om (yn 1815) ta pryster wijd te wurden. Yn itselde jier waard er pastoar yn Mariapfarr, in berchdoarp yn it Salzburger Lân. Dêr skreau de jonge Mohr it gedicht Stille Nacht. Yn 1817 waard Mohr oerpleatst nei Oberndorf, ek yn it Salzburger Lân. Dêr kaam er yn ’e kunde mei de komponist Franz Xaver Gruber (1787 – 1863). Op krystjûn 1818 frege Mohr oft Gruber in meldij by de tekst komponearje woe. En op earste krystdei 1818 songen de beide mannen, mei gitaarbegeleiding fan pater Mohr sels, de seis kûpletten fan ‘Stille Nacht. Heilige Nacht’ yn de nachtmis yn de Nicola-Kirche (Sankt Nicolauskirche) fan Oberndorf. Op elts fan de seis kûpletten werhelle it koar de lêste twa rigels yn fjouwerstimmige harmony. Mohr en Gruber sille har der grif gjin foarstelling fan makke hawwe, wat it liet yn de wrâld teweibringe soe.
Karl Mauracher, in master oargelbouwer en reparateur út it Zillertal, kaam nei Oberndorf om oan it oargel fan de Nicola-Kirche te wurkjen. Hy krige in kopy fan de komposysje en naam dy mei nei hûs. Twa reizgjende famyljes fan folkssjongers út it Zillertal, fergelykber mei de Von Trapp Family yn ’The Sound of Music’, namen it nûmer op it repertoire. Sa begûn it liet as in Tirools folksliet oan syn reis oer de wrâld.
Neffens it Leipziger Tageblatt songen de Strassers (ien fan dy twa famyljes) it liet yn 1832 by in konsert yn Leipzig. By in oare gelegenheid song de famylje Rainer it krystliet foar in publyk mei û.o. keizer Franz I en tsaar Alexander I. Yn 1839 fierden de Rainiers Stille Nacht foar it earst yn Amearika út, by it Alexander Hamilton Monumint by de Holy Trinity Church yn Central Park, New York.
De lêste jierren fan syn libben wurke Joseph Mohr as pastoar yn Wagrein, dat no foaral bekend is as wintersportplak. Dêr hat er in skoalle stichte, dy’t noch bestiet en nei him neamd is. Mohr ferstoar op 4 desimber 1848 oan de gefolgen fan in longoandwaning.
De Nicola-Kirche yn Oberndorf is letter fanwegen bouwfallichheid ôfbrutsen. Op it plak dêr’t de tsjerke stien hat, stiet no de Stille Nachtkapel. En njonken de kapel stiet it Stille Nacht- & Heimatmuseum.
Goed twahûndert jier nei de earste útfiering yn Oberndorf is Stille Nacht oerset yn 143 talen en útfierd troch wrâldferneamde artysten en koaren. It is ien fan de bekendste krystlieten fan alle tiden. Yn it Nederlânske taalgebiet binne der ferskillende ferzjes fan. De roomske ferzje is it tichtst by de oarspronklike Dútske tekst bleaun. De protestanske ferzje fan Johannes Yserinkhuysen (1858-1935) wykt dêr nochal fan ôf. Der wurdt sein dat de protestanten termen as ‘hoogheilige paar’ en ‘eng’len’ te roomsk fûnen en dêrom in eigen ferzje skreauwen.
It Frysk is ien fan de 143 talen dêr’t Stille Nacht yn oerset is. Der binne oersettingen fan Fedde Schurer, Douwe Kalma, Gerben Brouwer en Cor Waringa. De oersetting fan Brouwer is opnommen yn it Lieteboek foar de tsjerken (1977). En, tafal of net, it is nûmer 143 fan rubryk 4 (Gesangen / Kryst). Dy fan Cor Waringa is as Liet 483 yn Lieteboek – Sjonge en bidde thús en yn tsjerke (2015) opnommen. Dy oersetting stiet hjirûnder.
Stille nacht, hillige nacht!
Davids Soan, sûnder macht,
dy’t miljoenen it lok bringe wol,
wurdt yn Betlehem berne_yn in stâl,
Hy, oer alles de Hear,
Hy, oer alles de Hear.
Helpleas Bern, hillich Bern,
wol ús kwea net mear sjen,
alle rykdom ha Jo jo ûntsein,
binne_yn strie yn in bistestâl lein.
Nim myn tank oan, o Hear.
Nim myn tank oan, o Hear.
Stille nacht, hillige nacht!
Frede_en heil wurde brocht
oan in wrâld dy’t gjin takomst mear hie;
wat God tasei wurdt einliken wier.
Amen. Lof oan de Hear!
Amen. Lof oan de Hear!
Hiel goede krystdagen tawinske en folle Lok en Seine yn it nije jier.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje