It Noarden kriget € 330 miljoen foar enerzjytransysje

desimber 9, 2022 08:37 Fernijd

De kûgel is troch de tsjerke: de Europeeske Uny stelt 330 miljoen euro beskikber om de regionale ekonomy yn Noard-Nederlân fan oalje en gas los te keppeljen. Deputearre Friso Douwstra: “It Noarden wurdt griener. Dêr sil de stipe út de Europeeske Uny wei by helpe. Prachtich dat it beslút oer dy finansiering nommen is. Goed foar ús wurkgelegenheid en bedriuwslibben.”

Dizze wike hat de Europeeske Kommisje yn totaal 623 miljoen euro oan ús lân takend yn de foarm fan in fiifjierrich subsydzjeprogramma, neamd ‘Just Transition Fund’ (JTF). Dat `Fûns foar in rjochtfeardige enerzjytransysje’ stipet gebieten dy’t ekonomysk bot ôfhinklik binne fan fossile brânstoffen op wei nei in klimaatneutrale takomst.

Oanfreegje earste twa subsydzjes yn jannewaris
Oer de ferdieling fan de jilden is lang ûnderhannele mei as útkomst dat mear as de helte fan de subsydzjepot yn Grinslân, Fryslân en Drinte terjochte komt. Benammen yn Grinslân is de kommende jierren sprake fan ferdwinende bedriuwichheid en wurkgelegenheid yn de ierdgassektor. De trije provinsjes, de arbeidsmerkregio’s en it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) soargje mei-inoar foar optimale besteging fan de subsydzjes. De earste twa subsydzjeregelingen fan it JTF wurde nei ferwachting yn jannewaris iepensteld. Se binne bedoeld om it bedriuwslibben en kennisynstellings te helpen mei it realisearjen fan ynnovative ideeën en tûke oplossings. It giet dan bygelyks om produksje en gebrûk fan duorsume enerzjy en ek om nije opliedingen en omskoalling fan wurknimmers.

Alfêst oan ’e slach?
Bedriuwen en kennis- en ûnderwiisynstellingen yn Fryslân, dy’t alfêst yn ‘e mande mei partners yn Grinslân of Drinte mei nije projekten starte wolle, kinne foar advys kontakt opnimme mei: info@fryslan.frl | 058 – 292 59 25. Nei de neamde twa subsydzjes folgje der yn de kommende moannen mear. De provinsje tinkt graach mei oer de mooglikheden foar in idee of oplossing. Mear ynformaasje is hjir te finen.

desimber 9, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.