It Nijs antysemitysk?
Resint ferskynd
Skôging
Al in moai skoft ferskine op It Nijs yn de rubryk Ferdivedaasje geregeldwei Hollânske útdrukkingen mei dêrnjonken ien of mear Fryske wjergaders. Om dy wjergaders is it begûn. Soms is dat in letterlike oersetting, mar meastal hat it Frysk in eigen siswize foar sa’n Hollânske útdrukking. Dy lykje spitigernôch út it kollektive ûnthâld wei te reitsjen. Gauris is te hearren en te lêzen dat Friezen fan hjoed-de-dei in Hollânske útdrukking letterlik oersette, wylst dêr wol in Fryskeigene foar bestiet. As Louis van Gaal soks yn it Ingelsk docht (That’s another cook) wurdt er dêrom begekke, mar as Friezen blyk jouwe de Hollânske útdrukking better te kennen as de Fryskeigene is dat fansels like bespotlik. Troch geregeld ûnder it kopke ‘Hoe seist dat no yn it Frysk?’ mei foarbylden sjen te litten hoe’t it Frysk yn útdrukkingen faak oare bylden brûkt as it Hollânsk, wol de redaksje in bydrage leverje oan it behâld fan it Fryskeigene.
Dy foarbylden wurde keazen út in grutte samling, dy’t yn oarsprong ûntliend is oan de alfabetysk opsette ‘Lijst van uitdrukkingen en gezegden’ op Wikipedia. Geandewei binne yn de Fryske samling ek Fryskeigen útdrukkingen opnommen dêr’t Wikipedia gjin Hollânske wjergader fan hat.
Yn Wikipedia binne ek útdrukkingen mei ‘jood’ of ‘joden’ te finen. It is te hoopjen dat dy net mear brûkt wurde, dat yn earsten waarden dy net oernommen. Dochs besteane se en de kâns bestiet dat immen der yn in tekst mei te meitsjen kriget en har/him dan ôffreget hoe’t de betsjutting dêrfan neffens hjoeddeiske noarms wer te jaan is. Dat is ek de reden dat útdrukkingen opnommen binne dy’t ferâldere lykje te wêzen, mar dy’t yn skriftlike teksten wol foarkomme.
Yn útdrukkingen wurdt gebrûk makke fan bylden dy’t net letterlik nommen wurde moatte. Sa is it ek mei ‘jood, joden, jodenkerk’. Dêr waard net mei op joaden sels doeld, mar der waard in ferliking mei makke. Wat wol mei dy útdrukkingen bedoeld wurdt, is ek sûnder kwetsende wurden te sizzen. Om dat sjen te litten binne by neier ynsjen in stikmannich fan sokke útdrukkingen dochs opnommen. Krekt troch yn it Frysk oare bylden te brûken of troch de bedoelde betsjutting wer te jaan, kinne we dúdlik meitsje dat we ôfstân nimme fan it faak ûnneitinkende sear dwaan fan minsken.
Jan Breimer, lid fan de redaksje
Wat in dizenige redenaasje. Feit bliuwt dat jim sawol op 14-12-22 as op 15-12-22 in tekst publisearre hawwe, dy’t negatyf oer Joaden is. En dat mei it doel om de minsken Frysk te learen. Yn it twadde gefal meitsje jim fan Joaden ‘skelmen’. As dat gjin antysemitisme is dan wit ik it ek net mear.
As se no struktureel de Joaden op in minne namme lizze soenen, dan hast in punt.
Kinst dy ôffreegje oft it simpele taalrelikten binne of dat der kweade bedoelingen achter sitte. By de RfdFB haw ik noch noait sokke kweade minsken sjoen, dat ik leau ek net oan kweade bedoelingen.
Wy moatte wach wêze op diskriminaasje en útsluting. Lykwols moatte wy net fan elk wurdsje of sintsje in polityk statement meitsje. Mar dat is myn beskieden miening.
Fansels is de Ried net antysemitysk. Mar dizze Hollânske útdrukkingen binne dat wol. Wat kin de reden west hawwe dat It Nijs twa kear efterinoar soks pleatst hat?
Simpelwei dat dizze alfabetysk oardere list folge waard, Van der Wal: https://nl.wikipedia.org/wiki/Lijst_van_uitdrukkingen_en_gezegden_F-J . Dêr stean yndied ek siswizen by út in earder tiidrek doe’t minsken wat minder lange teannen hiene as op it heden. Jo soene dêrom jo pylken op de Wikipedia rjochtsje moatte, as dy jo net noaskje. Yn dizze rige stean no just gjin oersettings fan Hollânske útdrukkings mar Frysktalige wjergaders. En yn dit gefal wurdt der ek noch in net-rassistysk alternatyf jûn.
Jim binne hielendal net ferplichte om dy list fan Wikipedia te folgjen, dat jo opmerkingen roaie igge noch seam.
Ik bin it folslein mei Cornelis iens: jo hoege hielendal gjin Hollânske útdrukkings mei “jood” deryn te brûken, om de Fryske oersetting te jaan, dy kinne jo gewoan oerslaan. It hat my ergere dat de redaksje, ûndanks kritysk kommentaar dochs trochgie mei sokke útdrukkings as foarbyld te jaan.
Ik hie it net lêzen, mar bin it folslein iens mei Cornelis en Liuwe. Wêrom net rojaal sizze dat it in misser wie yn plak fan it ek noch goed te praten. Dat is de grutste misser!
Om’t ik de redaksje net foar antysemitysk ferslite wol, soe ik se de goeried jaan wolle om sokke items net foar kommentaren iepen te setten. Dus net foar antysemiten – dy hawwe hjir noch gjin kommentaren jûn – , net foar Wokers en net foar moraalridders.
Ik slút my oan bei de mieningen hjirre dat it wol al te maklik is om Wikipedia de skuld te jaan, jim binne dochs de redaksje? Dus jim binne einferantwurdlik, dit is op it lêst jim wurk! “Yn útdrukkingen wurdt gebrûk makke fan bylden dy’t net letterlik nommen wurde moatte.”, dit fyn ik wol wat in slop ferhaal want sa kinne je alles wol rjocht prate wat krom is. Foarbyld: jimme hawwe it oer “Daar is van de jood bij” en bedoele dan lige. In âlde siswize miskien (dy’t gjinien mear brûkt, nóch in reden om it mar te litten!), mar seker gewoan 100% antysemitisme, byldspraak as net. Ik leau fêst dat jimme gjin antysemiten binne, mar bytiids is it miskien better en ienfâldiger as je gewoan de moed hawwe om ta te jaan dat je ferkeard sitte yn plak fan der sa’n ferhaal fan te meitsjen. Dan binne wy, tink ik, allegear better ôf. Groetnis.