Húsdokterspost Fryslân min te berikken
Resint ferskynd
- LTO Noard: Bioferskaatmaatregels fan boeren foar flinters wurkje 0
- Amerikaansk jonkje (6) bestelt foar tûzen dollar oan iten mei heit syn snoadfoan 0
- Utrikking LF2028-prizen by Iepen Mienskipfûnsjûn 0
- Doede Wiersma: De berchrede as troanrede op ’e tredde tiisdei fan septimber 0
- ‘De letterfretter’ is it nijste berneboek fan Lida Dykstra 0
Wa’t op in sneontejûn driuwend in húsdokter nedich hat, moat yn Fryslân yn trochsneed fyftjin minuten wachtsje oant de tsjinstdwaande húsdokterspost de telefoan opnimt. Allinnich yn de provinsje Flevolân duorret it yn trochsneed langer oant men ien oan ’e line kriget. Dat docht bliken út ûndersyk fan klantkontaktbehearder Interswitch.

Foto: pixabay.com
Provinsjale ferskillen
Op provinsjaal nivo skoart Flevolân it minst mei in trochsneed wachttiid fan 19 minuten. Yn Fryslân, Noard-Brabân en Limburch leit de trochsneed wachttiid fiks boppe de Nederlânske trochsneed fan njoggen minuten. Dêrfoaroer bedraacht de trochsneed wachttiid yn Drinte mar trije minuten, yn Seelân ien minút en yn Grinslân is der sels hielendal gjin wachttiid.
Barriêres by it skiljen
Ut it ûndersyk blykt ek dat in protte húsdoktersposten troch middel fan in wolkomstboadskip en/of karmenu barriêres kreëarje om oan ’e line te bliuwen. Bygelyks troch te beklamjen dat de pasjint mooglik sels de kosten foar it petear en de eventuele ôfspraak betelje moat, of troch de skiller te ferplichtsjen om in BSN-nûmer yn te fieren.
De folsleine ûndersyksresultaten binne hjir te finen.
Yn it ûndersyk binne alle Nederlânske húsdoktersposten (72) op twa ferskillende sneontejûnen skille. Dêrnei binne de wachttiden nei it trochrinnen fan de karmenu’s notearre. Oan ’e hân fan dy útkomsten is fan alle húsdoktersposten de trochsneed wachttiid (op in sneontejûn) berekkene.
Mjitting 1 wie op sneontejûn 24 septimber 2022 tusken 19.00 en 21.00 oere.
Mjitting 2 wie op sneontejûn 8 oktober 2022 tusken 19.00 en 21.30 oere.
Om de kapasiteit fan de húsdoktersposten net ûnnnedich te belêsten, is de wachttiid wêr’t dat mooglik wie, berekkene op basis fan it oanjûne tal skillers yn ’e wachtrige. Op grûn fan in stekproef by sân húsdoktersposten is in trochsneed wachttiid fan trije minuten de skiller brûkt.

Boarne: Interswitch
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje