Histoaryske wintermerk yn Hylpen op sneon 17 desimber

desimber 1, 2022 09:26

Op de histoaryske wintermerk yn Hylpen op sneon 17 desimber sille ambachten út de 18e iuw te finen wêze. Mar ek in koeke-en-sûpketinte mei trûbadoer, strjitteäter en in ferhaleferteller. De histoaryske wintermerk makket diel út fan de festiviteiten dy’t Aald Hielpen yn syn 110-jierrige jubileumjier organisearre hat.

Neist in histoaryske merk is der ek in winterfair mei livemuzyk op de havenkaai. Dêr kin men ûnder de krystbeam mei de krystman op ’e foto of genietsje fan livemuzyk fan ûnder oare in koar en sjonger. Nei ôfrin fan de merk giet de muzyk noch oant 23.59 troch.

De histoaryske wintermerk wurdt op en om de sfearfolle âlde haven fan Hylpen holden. Der is genôch te sjen en te belibjen foar de hiele húshâlding. De merk begjint om 16.00 oere en duorret oant 21.00 oere.

Boarne: Nocht Hylpen

desimber 1, 2022 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.