‘Het Uur van de Wolf’ stjoert yn jannewaris dokumintêre oer Sinéad O’Connor út
Resint ferskynd
De dokumintêre Nothing Compares toant Sinéads fenomenale groei ta wrâldwide popstjer en ûndersiket hoe’t se op it hichtpunt fan har sukses har stim brûkte, oant se yn ’e ban dien waard om’t se mei har persoanlikheid mannich hillich húske omskopte. Mei de fokus op frou O’Connor har wurden en dieden tusken 1987 en 1993, presintearret regisseur Kathryn Ferguson in moderne, feministyske blik op dizze pionier.

Sinéad O’Connor (©Tara Films and Ard Mhacha Productions 2022)
De filmyske argyfdokumintêre befettet baanbrekkende muzykfideo’s en konsertútfieringen, njonken nea earder fertoande bylden út de perioade 1987-1993. It argyf wurdt stipe troch in nij fraachpetear mei artyste sels. Dêryn reflektearret se út in hjoeddeisk perspektyf wei op de barrens fan eartiids. Ferhalen út de earste hân folje it gehiel oan mei ynsjoggen fan hjoeddeiske artysten, musisy en maatskippijkrityske yndividuen. Dêr komme bredere tema’s mei oan ’e oarder, lykas de skiednis fan Ierlân, de polityk en it wrâldwide aktivisme. Dat dogge se troch hieltyd nei frou O’Connor har keunstsinnigens, ynfloed en neilittenskip werom te sjen.
De yn Belfast berne frou Ferguson is in ynnovative en grinsferlizzende regisseur dy’t har rjochte hat op koart wurk oangeande identiteit, geslacht en mienskipssin. Mei Nothing Compares makket se har debút op it mêd fan dokumintêrefilms. Nothing Compares waard offisjeel selektearre foar de World Cinema Documentary Competition op it Sundance Film Festival earder dit jier, dêr’t se ferskillende prizen mei yn ’e wacht sleepte, wêrûnder bêste Ierske dokumintêre op it Galway Film Fleadh, publykspriis foar bêste dokumintêre op it Aegean Film Festival en de publykspriis by Docs Ireland. De dokumintêre is ek nominearre foar bêste muzykdokumintêre fan de International Documentary Association en hat trije British Independent Filmprizen wûn.
Regisseur: Kathryn Ferguson. Produksje: Eleanor Emptage en Michael Mallie foar Tara Films (Feriene Keninkryk) en Ard Mhacha Productions (Ierlân), yn gearwurking mei Field of Vision. Utfierende produsinten binne Charlotte Cook, Lesley McKimm, Lucy Pullin, John Reynolds en Lisa Marie Russo.
Het Uur van de Wolf: Sinéad O’Connor – Nothing Compares
Te sjen op tiisdei 10 jannewaris 2023 om 22.10 oere by de NTR op NPO 2.
Promoasjefilm: www.youtube.com/watch?v=w6v7VgJT39I
Webside: www.hetuurvandewolf.nl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje