Henk Wolf: Ingelsk yn de Grinzer ommelannen

desimber 11, 2022 17:47
Foto: Steve Johnson (Unsplash)

Kollum

Yn de Trouw stie dit wykein in snipel fan in frommeske dat hast spul krige op in feestje. Se wie neist in famke bedarre dat fuort sei dat se gjin Nederlânsk prate, al wenne se al jierren yn Nederlân en hie se in Nederlânske feint. Se hie in restaurant en prate mei elkenien Ingelsk. De snipelskriuwster sei dat se net sa wiis wie mei al dy minsken yn ‘e horeka dy’t inkeld mar Ingelsk prate en dat it doch net mear as fetsoenlik wie safolle Nederlânsk te learen dat jo de standertpetearkes mei iters yn it Nederlânsk fiere kinne. Doe wie de bear los – it bûtenlânske frommeske woe net mear mei har prate.

It wie net samar in anekdoate. Yn Grins is it al in jier as wat hast gewoan dat jo betsjinne wurde troch minsken dy’t Ingelsk tsjin jo prate – yn restaurants, yn kafees en ek yn winkels. Ik ha yn it begjin wat ûnwillich noch wolris Ingelsk werompraat, mar ik bin dermei opholden. Yn Grins hienen wy ek in Amerikaanske achterbuorman dy’t inkeld mar Ingelsk prate, wylst er as dosint oan de universiteit tûk genôch wie om Nederlânsk te learen en hy hie der ek al in pear jier de tiid foar hân. Op in stuit hie ik der skjin myn nocht fan.

Sokken wurde lykwols oeral skewield. De Poal dy’t hjir tydlik wurket, de Fries dy’t hjir thús is of de Oekraynske dy’t wakker tsjin ‘t sin wachtet oant har eigen hûs wer feilich is, se kinne it almeast ferjitte dat minsken har yn bochten draaie om har yn de eigen taal te betsjinjen – sterker noch: der wurdt har gauris yndruid dat Poalsk, Frysk en Oekraynsk net altyd winske binne. Mar prate jo Ingelsk, dan krije jo oan alle kanten it boadskip dat jo dêr foaral mei trochgean moatte, dat jo benammen net de taal fan jo omkriten leare moatte en dat elk him foar jo mar ferbrekke moat.

Juster foel my dat ek wer op. Op in krystmerk yn Grinslân rekken wy yn petear mei wat minsken en ynienen kaam der in Deensk frommeske by. Se die wakker har bêst om Nederlânsk te praten, wenne hjir boppedat al hast in healjier, mar har Grinzer kunde begûn fuort tsjin elk Ingelsk te praten – en sa wie de fiertaal net Grinslânsk, net Nederlânsk – sels gjin Deensk, mar Ingelsk.

De oerheid docht der wakker oan mei om it brûken fan it Ingelsk te stypjen. Op it gemeentehûs yn Grins kinne jo as jo in bontsje lûke om holpen te wurden al kieze foar in Nederlânsktalige of Ingelsktalige behanneling oan it loket. Allegear formulieren binne yn beide talen beskikber. Jo ûnderfine nergens neidielen as jo Ingelsk prate wolle, oars as by suver elke oare taal, sels it Grinslânsk, dat doch in beskerme status hat. Krekt as wie it Ingelsk in offisjele taal.

Sa moat it net. As de oerheid yn alle earnst de eigen talen stypje wol, dan moat it Ingelsk net stikem by de offisjele talen yndield wurde, dêr’t it net by heart. Sels it Nederlânsk wurdt as omgongstaal bedrige troch it Ingelsk, net inkeld mear op Amsterdamske terrassen, mar ek op krystmerken yn de Grinzer ommelannen. Dy’t gjin Nederlânsk of Frysk of in oare taal fan de regio praat, moat dêr dúdlike neidielen fan ûnderfine, moat simpelwei net meiprate kinne, petearen net ferstean kinne, it ferkearde gerjocht op ‘e tafel krije. It is in opjefte fan elkenien yn Nederlân om dat dúdlik te meitsjen. Want talen binne te learen, ek foar dyselden dy’t Ingelsk prate.

desimber 11, 2022 17:47
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Gauke desimber 11, 18:47

    Ik leau dat it sûnt koart yn it Frânske diel fan Kanada sa is dat oerheden dy nei in heal jier inkeld noch yn it Frânsk te wurd stean. Prima stok efter de doar. Utsein studinten dan fansels.

  2. Eric desimber 12, 09:53

    It is komplekser. Der binne lju (net folle mar se binne der) dy’t wier wier gjin Frysk of gjin Ingelsk ferstean kinne, omdat der wat mis is mei it fermogen om (noch) taal te learen. Mar der binne ek dy’t it ferpoffe, en dy twa groepen binne net maklik fan inoar te ûnderskieden. Los detail: yn Ljouwert binne ek restaurents mei ien of mear meiwurkers dy’t gjin Nederlânsk of Frysk fersteane en har behelpe mei Ingelsk: Euro-hotel, Yndiaas restaurant Jamuna, bygelyks.

  3. Jabik van der Bij desimber 12, 11:45

    By Van der Valk yn Snits stie okkerdeis ek sa’n pinguin by de doar dy’t my net ferstie doe’t ik frege oft der noch in taffeltsje frij wie. “Dan sykje wy wol in oar ythúske dêr’t se ús wol ferstean wolle” en wy binne fuortgien.

  4. Klaas Aaldert van der Veen desimber 14, 13:15

    It is offisjeel in form fan diskriminaasje at wol it Ingelsk fasilytearre wurd, mar net de lokale fariant fan it Nedersaksysk. It stiet yn diel twa fan it Europeesk Hanfest foar minderheidstalen of talen fan minderheden, wer it Nedersaksysk under falt. Der stiet dat alle talen gelyk behannele wurde moatte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.