Grypgoarre yn Nederlân
Resint ferskynd
Hommelse koarts, pineholle en drûch hoastjen binne klachten dy’t op gryp wize kinne, stiet op ’e webside fan ûndersyksynstitút Nivel. Mei it RIVM en it Erasmus MC brocht dat ynstitút woansdei nei bûten ta dat yn Nederlân offisjeel sprake fan in grypgoarre is. Undersyk lit sjen dat 52 op ’e 100.000 minsken de húsdokter besytsje mei grypeftige klachten.

Foto: pixabay.com
Grypgoarren komme alle jierren foar, sizze eksperts. “De dagen om krysttiid hinne binne altyd in beruchte perioade”, seit mikrobiolooch Jan Kluytmans fan UMC Utert. “Dat is de tiid fan it jier dat firussen har ferspriede. Dy hawwe de kjeld nedich om minsken siik te meitsjen.” Patricia Bruining fan UMC Utert is ek net fernuvere oer de grypweach: “Yn prinsipe hawwe wy alle winters in grypgoarre”, seit se. “Op it stuit geane der ferskillende firussen om, it ynfluenzafirus is der mar ien fan.” Oare firussen dy’t minsken siik meitsje binne bygelyks it RS-firus, it rhinofirus en it koroanafirus.
It grypfirus hat nea hielendal fuort west, mar der wiene wol minder grypgefallen as gefolch fan de koroanamaatregels. Yn ’e winter fan 2019-2020, nei de koroana-útbraak, waard gjin grypgoarre fêststeld. Dat jildt ek foar de winter dernei. Foarige winter wie der ek sprake fan in grypgoarre. Dy begûn yn maart, docht bliken út ynformaasje fan Nivel, doe’t de measte koroanamaatregels loslitten waarden. Dit jier is it grypseizoen earder begûn, flak foar de hjeldagen. Benammen foar de âlderein en minsken mei in kwetsbere sûnens betsjut dat in grut risiko, mei’t sy der slimmer siik fan wurde kinne. Mei in snotnoas en seare kiel neist jins kwetsbere beppe sitte mei it krystmiel, is dus net in goed idee. Alderen en minsken mei in kwetsbere sûnens kinne de grypprip helje. Dat makket de kâns dat se gryp krije lytser en as se it wol krije, dat se der minder siik fan wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje