Grûnwetter oarsaak omheechtriuwen A7 by Snits, dyk mooglik moannen ticht

desimber 16, 2022 16:27

De A7 tusken Snits en De Jouwer blykt omheech treaun te wêze troch grûnwetter, lit Rykswettersteat witte. De sneldyk is sûnt woansdei yn beide rjochtingen ôfsletten, mei’t der in soart drompel yn it asfalt ûntstien is.

Foto: pixabay.com

In part fan de tunnelbak, in saneamde tunnelmoat, is troch de druk fan it grûnwetter omheech kommen, skriuwt Omrop Fryslân. Nei alle gedachten binne ankers brutsen dy’t de tunnelmoat op syn plak hâlde moasten. Rykswettersteat sil alle grûnankers kontrolearje en de skea reparearje. Dat duorret wierskynlik moannen.

Net earder skea konstatearre
Om derfoar te soargjen dat it asfalt en de tunnelmoat net fierder omheech komme, binne 1700 grutte pûden mei sân dellein dy’t tsjindruk jouwe. By reguliere ynspeksjes fan Rykswettersteat is net earder skea oan de ankers of tunnelmoaten konstatearre. It giet om it part fan de dyk ûnder it akwadukt fan it Prinses Margrytkanaal by Twellegea. Ferkear moat de kommende tiid fia lokale en provinsjale diken omride. “Minsken moatte deroan wenne. It sil de kommende tiid noch hinder jaan”, seit in wurdfierder fan Rykswettersteat.

desimber 16, 2022 16:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.