FryslânDOK: ‘Gais, it waarme hert fan Jorwert’ te sjen op 17 en 18 desimber

desimber 15, 2022 08:38 Fernijd

Geert Mak neamt har ‘in ûnôfhinklike geast’ en ‘de gûverneur fan Jorwert’. Gais Meinsma (1926 – 2019) wie it waarme hert fan de mienskip, mar ek, mei har selsstannich tinken en hanneljen, as frou har tiid fier foarút. De FryslânDOK Gais is te sjen op 17 en 18 desimber by NPO2 en Omrop Fryslân.

Gaiske (boarne: Gerko Jonker)

Beppesizzer Gaiske Meinsma (20) fertelt yn dizze dokumintêre fan Larissa Lokenberg it ferhaal fan har bekende beppe Gais, dêr’t se nei ferneamd is. Gaiske wol har beppe better kennen leare. Se wie noch mar in jong famke doe’t demintens de sûnens fan beppe oantaaste. Mei de help fan minsken dy’t har goed kend hawwe, komt it byld fan in lang en bysûnder libben foar it ljocht.

Doe’t Geert Mak healwei de njoggentiger jierren it boek Hoe God verdween uit Jorwerd skreau, keas er Gais as syn haadpersoan. Gais makke de ûntwikkelingen fan it doarp yn de foarige iuw mei en spile dêr in sintrale rol yn. Se wie koerierster yn ‘e oarloch, mem sûnder man, sosjaal wurker, mei-oprjochter fan it Jorwerter Iepenloftspul, earste frou yn de tsjerkeried en earste frou yn ‘e gemeenteried. Mar ûnheil gie har doar ek net foarby. Har man Hendrik en ek soan Jan diene harsels tekoart. Letter kaam har jongste soan Ids, de heit fan Gaiske, te ferstjerren oan de gefolgen fan MS.

Sjongeres Nynke Laverman fergeliket Gais mei de Meksikaanske maisfrou: ien dy’t, nettsjinsteande alle tsjinslach, trochsieddet en dêr altyd de krêft foar fynt. Beppesizzer Gaiske hopet, no’t se dat allegear wit, dat se mear mei har bekende beppe dielt as allinnich har namme.

FryslânDOK Gais
Sneon 17 desimber NPO2 15.30 oere (werhelling 17 desimber 13.26 oere)
Snein 18 desimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren

desimber 15, 2022 08:38 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.