Fryske Akademy publisearret wittenskiplike grammatika fan it Frysk fan Sealterlân

desimber 3, 2022 19:57
Foto: Aant Mulder

Binnen de Fryske taalfamylje binne it Westerlauwersk Frysk en it Noard-Frysk goed beskreaun. It lytse oerbliuwsel fan it East-Frysk, it Frysk fan Sealterlân, yn Dútslân, komt lykwols al jierren oan ‘e krapperein. De Fryske Akademy docht dêr no wat oan. Dat is ek wol nedich, want de taal stiet tige swak: minder as tsien persint fan de ynwenners fan Sealterlân kin it mear prate.

De taalkundigen Eric Hoekstra en Bouke Slofstra hawwe in âldere grammatika fan Pyt Kramer út 1996 yn 2021 al útwreide ta in nij grammatikaboek mei 29.000 wurden. Yn 2022 hawwe hja dat wer brûkt as basis foar in noch tsjokkere grammatika fan it Sealterfrysk, spesjaal skreaun foar taalkundige lêzers. Dy hat sa’n 55.000 wurden. De titel is Sprachlehre des Saterfriesischen 2022. Beide boeken binne skreaun yn it Dútsk. Takom jier ferskynt in Ingelske oersetting.

Sealterlân (read) yn Dútslân (kaartsje: Wikipedia)

By it skriuwen hawwe Hoekstra en Slofstra stipe krigen fan Pyt Kramer, Tessa Leppers en Henk Wolf. De Dútske oerheid hat subsydzje beskikber steld foar it skriuwen en it ûndersyk dat dien wurde moast. De taalkundigen hawwe ûnder oaren gebrûk makke fan de saakkundigens fan Frysktaligen út Sealterlân.

It boek is fergees del te heljen fia dizze link.

desimber 3, 2022 19:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.