Frysk Fersetsmuseum toant presintaasje oer fakânsjehûs ‘De Terrorist’

desimber 26, 2022 08:40

De kommende tiid sil yn it Frysk Fersetsmuseum it ferhaal ferteld wurde efter ‘De Terrorist’, it fakânsjehûs op It Amelân, dêr’t neibesteanden fan fersetsslachtoffers nei de Twadde Wrâldoarloch efkes oan harren noeden ûntkomme koene.

Boarne: Frysk Fersetsmuseum

Tsientallen foto’s en in gasteboek litte jin oan dat bysûndere fakânsje-oard weromtinke. Efter de skynber fleurige kykjes geane tragyske ferhalen skûl fan widdowen, bern en âlden fan fersetsslachtoffers, mar ek fan húshâldens dêr’t net ien út mist, mar dy’t psychysk of fysyk in protte ûnder de oarloch te lijen hân ha. De eksposysje De Terrorist, plak fan treast foar fersetsfamyljes rint fan 18 febrewaris 2023 o/m 5 jannewaris 2025 yn it Frysk Fersetsmuseum, ûnderdiel fan it Frysk Museum yn Ljouwert.

Yn de útstalling waant men jin efkes yn it eardere fakânsjehûs, dat syn namme ûntlient oan it skelwurd dat de Dútske besetters foar fersetsminsken brûkten. De namme waard nei de oarloch as geuzenamme adoptearre troch de inisjatyfnimmers fan it fakânsjehûs. Yn de neimakke sitromte, ynrjochte en oanklaaid neffens in fjirtigerjierreynterieur, kinne besikers yn ’e kunde komme mei fakânsjefierende fersetsfamyljes oan ’e hân fan foto’s en in fakânsjeboek. Foar de útstalling binne bysûndere petearen fierd mei eardere gasten of harren neiteam. Yn in spesjale krante binne dy fraachpetearen te lêzen. Der is ek in harkspul te hearren, en dêrtroch geane besikers om samar te sizzen yn ’e tiid tebek, as soene se tafallich in petear út de wenkeamer fan De Terrorist opfange.

Boarne: Frysk Fersetsmuseum

Paradys yn ’e dunen
De Terrorist stie yn ’e dunen fan It Amelân, tweintich meter fan it strân ôf. Dêr koene de ‘neilitten sibben’ fan fallen fersetsstriders fan 1946 oant en mei 1953 fergees fakânsje fiere. Der wie plak foar 25 persoanen de kear, twa wike foar in groep, fan maaie oant en mei septimber. De measte gasten kamen út Fryslân, mar ek út oare parten fan it lân, lykas Rotterdam of Grins. It fakânsjehûs wie in inisjatyf fan de Stichting Oud-KP, in organisaasje foar eardere leden fan it wapene ferset, de knokploegen (KP’s). Mei wat help fan de boargemaster fan It Amelân, âld-fersetsman Roel Walda, koene frijwilligers yn fiif wike tiid in âlde Dútske barak opknappe en ombouwe ta in smûk fakânsje-oard.

De stiftingen
De neibesteanden waarden nei de oarloch finansjeel stipe troch de Stichting Fryslân 1940-1945 en de Stichting Snits 1940-1945. Dy organisaasjes binne al yn ’e oarloch oprjochte troch fersetsminsken, dy’t mei-inoar ôfprate dat se foar de famyljes fan fallen kammeraten soargje sille. Húshâldens dêr’t de kostwinner út weiskuord is, moatte op itselde wolfeartsnivo trochlibje kinne as foar de oarloch, wiene se fan betinken. Dat wie in morele plicht fan de oerlibbers. Yn 1946 gie it om 158 widdowen, 320 bern, sân mei in beheining en 35 âlden fan kostwinners. Hja krigen libbenslang in útkearing en geregeld besite fan bestjoersleden. De bern koene in rinteleaze stúdzjeliening krije en der wiene útstapkes en fakânsjes, lykas nei De Terrorist.

De útstalling wurdt mei mooglik makke troch Vfonds, Stichting 40-45 Snits, Stichting 40-45 Fryslân en Stichting Frysk Fersetsmuseum.

Boarne: Frysk Fersetsmuseum

desimber 26, 2022 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.