Folkshegeskoalle Schylgeralân: 2023 – It jier fan ienriedigens
Resint ferskynd
Yn de tiid fan it jier dat oeral oer goede foarnimmens neitocht wurdt, jout de Folkshegeskoalle Schylgeralân dêr syn eigen slinger oan. Direkteur Jacqueline Spendel skriuwt yn har twatalige nijsbrief:
2023 roppe wy út ta It jier fan de Ienriedigens. Krekt omdat der fan alles oan de hân is yn ’e wrâld, wolle wy hjir sunich wêze op de lytse, mar och sa wichtige dingen yn it libben: weardefolle moetings, stilte, elkoar in lústerjend ear biede, efkes hearlik laitsje en mei-inoar ûntspanne.

Boarne: Folksgeskoalle Schylgeralân
It royale kursusoanbod jout dêr alle romte ta. Yn de kursuskalinder foar 2023 (HJIR te finen) wurde mar leafst 67 kursussen mei in enoarm ferskaat oan ûnderwerpen en tema’s oankundige.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje