Foar it earst mei kearnfúzje mear enerzjy opwekke as deryn stutsen is

desimber 15, 2022 08:26

It is ûndersikers fan in laboratoarium yn Kalifornië foar it earst slagge om in kearnfúzje-eksperimint út te fieren dêr’t netto enerzjywinst by boekt is. Der is mear enerzjy opwekke as deryn stutsen is. Op in parsekonferinsje yn Washington D.C. waard sein dat it in grutte trochbraak yn ’e wittenskip is. Al tsientallen jierren ûnthjit kearnfúzje de enerzjyboarne fan de takomst te wurden. Der wurdt op lytse skaal ûndersyk nei dien, mar noch gjin inkelde reaktor levere oant no ta mear enerzjy op as dat dy koste.

Enerzjy opwekje troch kearnfúzje wurdt sjoen as de manier om feilige en koalstoffrije enerzjy te krijen yn grutte hoemannichte, sûnder dêr ôffal by te produsearjen. Fossile brânje en oare tradisjonele enerzjyboarnen kinne dermei ferfongen wurde. It opwekjen kostet wol in protte enerzjy. Yn tsjinstelling ta kearnspliting, dat yn kearnsintrales bart, wurde by kearnfúzje atoomkearnen just gearraand. Dat fereasket in ekstreem hege temperatuer en ekstreem hege druk, om de atoomkearnen sa fier te krijen dat se inoar net mear ôfstjitte, mar just gearrane.

Mei 192 tige krêftige lasers slagge it de ûndersikers fan it Kalifornyske Lawrence Livermore National Laboratory om in kapsule mei atoomkearnen op hûndert miljoen graden Celsius te bringen, in temperatuer waarmer as it hert fan de sinne. Hja diene dat yn in miljardste fan in sekonde en kreëarren sa in eigen (lytse) ferzje fan de sinne. Under dy omstannichheden koe in kearnfúzje ûntstean.

Wat hawwe de ûndersikers dien?
Kearnfúzje wurket troch wetterstofatomen mei sa’n krêft tsjininoar oan te drukken dat se har kombinearje ta helium, dêr’t ûnbidige hoemannichten enerzjy en waarmte by frijkomme. Yn tsjinstelling ta oare kearnreaksjes ûntstiet dêr gjin radio-aktyf ôffal by. De ûndersikers hawwe twa megajoules oan enerzjy ferbrûkt om trije megajoules op te wekjen. Sa is der dus mear enerzjy produsearre as nedich wie om de kearnfúzje sels te realisearjen. Hja diene dat troch mei 192 lasers in kapsule mei atoomkearnen te oant hûndert miljoen graden Celsius te prykjen. De lasers binne de grutste yn ’e wrâld en binne by steat om gau mear enerzjy te leverjen as it hiele elektrisiteitsnet dat de Feriene Steaten stipet.

Hoewol’t it resultaat fan de Amerikanen wol deeglik in grutte wittenskiplike stap yn kearnfúzje is, betsjut it net dat der gau op grutte skaal enerzjy opwekke wurde kin. De metoade dy’t de ûndersikers brûkt hawwe, is dreech nei in reaktor te om te setten. Kearnfúzje is dan ek net de oplossing foar de enerzjy- en klimaatkrisis dêr’t we op it stuit yn sitte. Wittenskippers ferwachtsje pas fier nei 2050 op kommersjele skaal kearnfúzje tapasse te kinnen. Foar de twadde helte fan dizze iuw, as de wrâld CO2-neutraal is, kin it yndied yn wichtige enerzjyboarne wurde.

desimber 15, 2022 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.