Fjouwerdielige telefyzjesearje en sân podwalks oer Wettersneedramp 1953

desimber 5, 2022 11:01

Yn ’e nacht fan 31 jannewaris op 1 febrewaris 1953 bart in grutte ramp yn Nederlân. Troch in swiere stoarm yn kombinaasje mei springfloed bart it skynber ûnmooglike: yn Seelân, West-Brabân, Súd-Hollân en op Teksel brekke de diken troch. Grutte parten fan West-Nederlân komme ûnder wetter te stean. Huzen spiele fuort, minsken en bisten ferdrinke.

Wettersneedramp 1953 (foto: ©NTR)

De Wettersneedramp fan 1953 kostet úteinlik 1836 minsken it libben en makket tûzenen dakleas. It is ek in ramp dy’t Nederlân wekker skoddet: hoe hat dit barre kinnen? Hie it foarkommen wurde kinne? Oer ien ding is elkenien it iens: der moat in grut plan komme om it lân better tsjin it wetter te beskermjen. En dat komt der ek. De Deltawurken wurde boud en soargje foar in omkear yn de omgong mei it wetter.

Winfried Baijens (foto: ©Stefan Heijdendael)

De NTR hat nei oanlieding fan de santichste betinking fan de Wettersneedramp in fjouwerdielie dokumintêresearje makke mei de titel ‘Het water komt!’. Presintator is Winfried Baijens. De fjouwer dokumintêren bringe mei argyfmateriaal en ynkringende tsjûgeferslaggen yn kaart hoe’t de ramp barre koe, hoe fan tefoaren net genôch op it driigjende gefaar antisipearre waard en wat fan de ramp leard is. Mar is der wol genôch leard? Winfried Baijens (sels yn Seelân opgroeid) nimt de sjogger mei werom yn ’e tiid en mei foarút yn ’e takomst.

Mear oer de Wettersneedramp
Yn jannewaris betinkt ek de NOS de Wettersneedramp. Winfried Baijens, presintator fan Het water komt!, is ek de presintator fan de betinking santich jier nei de Wettersneedramp dy’t de NOS op woansdei 1 febrewaris op NPO 2 útstjoert. Fan 30 jannewaris o/m 6 febrewaris presintearret Herman van der Zandt dêrnjonken op NPO 1 it deistich NOS Wettersneedsjoernaal.

Podwalk-app bringt skiednis ta libben
De Wettersneedramp fan 1953 stiet net op himsels. It wetter rint as in reade tried troch de Nederlânske skiednis. In protte plakken en regio’s hawwe harren eigen wettersneedferhaal. Al of net as gefolch fan de klimaatferoaringen. Yn oanfolling op de searje lansearret de NTR, yn gearwurking mei de NOS, dêrom de podwalk-app Het water komt!: sân GPS-stjoerde audiorûnliedingen mei ferhalen oer stêden en doarpen dêr’t slimme wettersneedrampen bard binne: Marken, Dordrecht, Valkenburg, Swol, Nimwegen, Oude-Tonge en Amsterdam Tuindorp-Oostzaan.

Wettersneedramp 1953 (foto: ©NTR)

De podwalks binne bedoeld as histoaryske wetterkuiertochten. Winfried Baijens nimt jin op lokaasjes mei werom yn ’e tiid. Fia de telefoan komt de skiednis ta libben op plakken dêr’t men op dat momint is. Ferhalen út it ferline, mar ek oer de takomst binne te hearren en yn neimakke realiteit (augmented reality) is op lokaasje de stiging fan it wetter te sjen. De app is ûntwikkele troch de NTR yn gearwurking mei Robot Kittens en wurdt tagelyk mei de searje lansearre.

De podwalk-app is fan 2 jannewaris ôf fergees del te heljen yn de App-store of Play-store.

It wetter komt!
Utstjoeringen: freed 6, 13, 20 en 27 jannewaris, 20.30 oere, NPO 2.

Wettersneedramp 1953 (foto: ©NTR)

desimber 5, 2022 11:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.