Fisken by Japanske kust lâns dea troch reade algen

desimber 31, 2022 08:38

Hûnderten kilometers Japanske kust binne ferline jier rekke troch in wyldgroei oan reade algen. Dêrtroch binne hûnderttûzenen fisken, seefruchten en skulpbisten deagien. De oarsaak is de opwaarming fan it seewetter.

Foto: Jack Charles (Unsplash)

Japan is mei mear as tweintich kilo de persoan ien fan de grutste konsuminten fan fiskprodukten op ’e wrâld. Oer it hiele lân jout de fiskerij oan mear as twahûnderttûzen minsken wurk. De fiskerij is ek de wichtichste boarne fan ynkomsten oan de kust fan Hokkaido, it noardlikste eilân fan Japan. Mar wylst it fiskseizoen krekt begûn is, stiet dy yndustry dêr op ynstoarten. De regio stiet bekend om de hege kwaliteit salm en seestikelbargen, mar fanwegen de reade algepleach binne in protte fan dy soarten deagien. Op guon plakken fange fiskers noch mar in tsiendepart fan wat se ferline jier ynhellen. Yn Kushiro is njoggentich persint fan de seestikelbargen deagien en mear as de helte fan de salm hat it net oerlibbe trochdat algen yn ’e kiuwen sitten gean.

De fiskerij hat mear as sechstich miljoen euro skea hân, in klap dy’t tydlik opfongen wurdt troch oerheidsstipe. Mar oan it stipejild sitte grinzen. Foar de koroanagoarre luts de Japanske steat al tsientallen miljoenen út om de lokale ekonomy steande te hâlden. Nei alle gedachten sil it noch op syn minst twa oant trije jier duorje foar’t de floara en fauna yn de see wer wat opbettere is en salang kin de fiskyndustry net keunstmjittich yn stân holden bliuwe.

Op it stuit wurdt der ekstra út it bûtenlân ymportearre om de tekoarten oan fiskprodukten yn Japan op te fangen, mei in rekôrtal seestikelbargen út Ruslân. As de kust yn de kommende fjouwer jier jitris troch in soartgelikense pleach rekke wurdt, sil de lokale ekonomy yn de kuststêden ynstoarte, sa is de ferwachting. Undersikers besykje in warskôgingssysteem te bouwen, sadat fiskers in moanne fan tefoaren witte oft der in nije pleach oan komt.

desimber 31, 2022 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.