Film Zitterinchen kriget Sorbyske ferzje
Resint ferskynd

Yn Nederlân wurde net-Nederlânsktalige films almeast ûndertitele. Yn Dútslân wurde se op ‘e nij ynpraat. Dat makket dat minsken yn Dútslân amper mei oare talen yn oanrekking komme fia telefyzje, bioskoop of Netflix. Se hearre gjin bûtenlânske talen, mar ek de eigen minderheidstalen komme net oan bod.
Dat moat oars, tocht Roman Nuck fan de East-Dútske omrop MDR. Dy stjoert oer it generaal yn it Dútsk út, mar omdat de Sorben ek yn it gebiet wenje dat de MDR betsjinnet, makket de omrop ek Sorbysktalige programma’s. In soad binne dat lykwols net en se binne almeast koart en saaklik. Nedich is dat lykwols net, der binne ommers in protte films dy’t men yn it Sorbysk ûndertitelje kin. Nuck is sels Sorbysktalich en it liket him moai om ris in krystfilm yn it Sorbysk út te stjoeren.
Dat sil no wêze. De Dútske spylfilm Zitterinchen kriget in Sorbyske ferzje. Dy wurdt ynpraat troch profesjonele Sorbyske akteurs. It is in krystfilm foar it hiele hûshâlden, dy’t giet oer it hûntsje Zitterinchen en syn froutsjes, de suskes Alma en Christine. Ien fan de suskes bedarret oan it hof en in prins wurdt fereale op har, wat allegear aventoeren ta gefolch hat.
Yn de Sorbyske ferzje hjit Zitterinchen fan Dyrkotawka. Dyrkotawka wurdt op Earste Krystdei op ‘e telefyzje útstjoerd en stiet dêrnjonken fan 19 desimber ôf op it webstee fan de MDR.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje