Feriene Steaten ferplichtet reizgers út Sina ta koroanatest
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Presintaasje streektalemanifest ‘Prachtig plat’ 0
- Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 3: Herman van Vliet 1
De Feriene Steaten ferplichtet yn it nije jier reizgers dy’t út Sina komme om in koroanatest ôfnimme te litten. In stikmannich lannen lykas Yndia, Japan en Italië giene de Amerikanen al foar. De maatregel komt fuort út it ferromjen fan de koroanarestriksjes yn Sina. Dêr is it tal besmettingen koartlyn gâns troch oprûn.

Foto: pixabay.com
Fan 5 jannewaris ôf moatte alle reizgers fan twa jier en âlder dy’t út Sina komme, in negatyf testresultaat sjen litte. De test mei op syn meast twa dagen foar de reis út Sina ôfnommen wêze. De autoriteiten op it mêd fan sûnens yn de Feriene Steaten wize op nije farianten fan de goarre dy’t yn Sina mooglik yn omrin binne. Dêr is op it stuit noch net folle oer bekend. Op ’e lofthavens fan Seattle en Los Angeles wurdt boppedat oanfoljend ûndersyk nei nije farianten dien. Passazjiers kinne dêr frijwillich oan meidwaan. By testen dy’t dêr ôfnommen wurde, wurdt nei de genetyske opbou fan it firus sjoen (it saneamde sequencing). Dêr kinne nije farianten mei opspoard wurde.
Yn Japan waarden juster restriksjes foar reizgers út Sina ôfkundige. Elkenien wurdt ûndersocht en besmette minsken moatte yn ôfsûndering. Italië makke soartgelikense regels bekend. Dêr geane se alle positive testen ek op nije koroanafarianten nei.
It tal besmettingen yn Sineeske stêden rûn de ôfrûne wiken rap op, nei’t de autoriteiten besletten hiene om it ekstreem strange koroanabelied sa goed as los te litten. Dat beslút waard nommen nei fûle protesten tsjin de strange covidregels. Oant no litte de Sineeske autoriteiten amper ynformaasje oer de nije weach los, wat ta noed by sûnenssaakkundigen laat. “De ûndúdlikens oer wat der krekt bart is wol nuodlik”, sei firolooch Marion Koopmans juster tsjin de NOS. Troch de goarre goed yn ’e gaten te hâlden kinne besmetlike farianten gauwer op ’e radar komme.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje