Fergeze fertoaning suksesfolle oarlochsfilm ‘De Overval’ (1962)

desimber 2, 2022 08:31

Yn gearwurking mei Slieker Film presintearret it Frysk Fersetsmusem op tongersdei 8 desimber De Overval. Yn dy swart-wytfilm út 1962 wurdt it ferhaal ferteld fan de oerfal op it Hûs fan Bewarring yn Ljouwert op 8 desimber 1944; ien fan de meast spektakulêre en dryste fersetsdieden út it lêste oarlochsjier.

Byld út De Overval út 1962 (boarne: Frysk Fersetsmuseum)

Dit jier bestiet de film fan Paul Rotha en Kees Brusse sechtich jier en dat jubileum wurdt fierd mei in koarte ynlieding op de film troch Hessel de Walle. De Walle is auteur fan de biografy oer fersetsman Piet Oberman, dy’t as lieder fan de Fryske KP (Knokploegen) by de oerfal behelle wie. De filmfertoaning begjint om 16.30 oere. Fergeze kaarten binne fia sliekerfilm.nl te reservearjen.

De oerfal op de Blokhúspoarte yn Ljouwert stiet bekend as ien fan de spektakulêrste fersetsdieden út de Nederlânske oarlochsskiednis. Der gie in flaterleas útwurke plan oan foarôf, want der mocht gjin skot lost wurde om de deunby legere Dútsers net te alarmearjen. De opset wie om binnen in healoere mar leafst njoggenentritich fan tefoaren selektearre detinearre fersetsminsken út it finzeniskompleks te befrijen. Dy libbensgefaarlike fersetsaksje waard útfierd troch in tweintichtal yllegale wurkers ôfkomstich út alle lagen fan de befolking. Yn it Frysk Fersetsmuseum is noch o/m 8 jannewaris in presintaasje oer de oerfal te sjen.

Piet Oberman
Yn de ynlieding op de film fertelt Hessel de Walle, auteur fan de biografy Piet Oberman, De man en de mythe, mear oer de rol fan Oberman by de fersetsdied. Oberman wie in Dokkumer fan seisentritich jier âld, dy’t as lieder fan de Fryske KP op 8 desimber 1944 syn manlju foargie by de slagge oerfal op de Ljouwerter finzenis.

desimber 2, 2022 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.