Feie Fonyk: Delsjitte dy Teletubbies

desimber 8, 2022 19:43

Skôging

Boarne: Teletubbies

Nei jierren binne de Teletubbies op ‘e telefyzje werom. No by Netflix fan mids novimber ôf. Neffens de foarstanners fan dat ûnnoazele programma soene lytse bern der wat fan opstekke. Ik haw de earste ôflevering sjoen. Dy gie oer ‘bubbles’. Unbegryplik dat sokke rotsoai útstjoerd wurde kin. Miskien is dit de reden: ‘Heerlijk voor mama zodat zij 20 minuutjes de tijd heeft om te koken’. Foar de earlikheid moat ik derby sizze dat dit net in aktueel kommentaar wie by in telefyzjeprogramma foar lytse bern, want dit kin net mear, it is net woke. Sjoch fierderop.

De ôfrûne fjirtich jier binne der in soad programmas’s op tou set om dy saneamde efterstannen by lytse bern te bestriden. Om in pear te neamen: It Grandia-projekt yn Rotterdam yn ‘e santiger jierren, dêrnei ‘it spearpunt lêzen’ yn ‘e tachtiger jierren en fan 2006 ôf it ‘Boppeslach-projekt’ yn Fryslân, dêr’t de provinsje 15 miljoen oan útjoech.

De Fryske Akademy konkludearre dat it holpen hat, mar sjoen de ivige krimmenaasjes oer de kwaliteit fan it ûnderwiis, haw ik myn twivel. Wy moatte net al te folle ferwachtsje fan al dy goed bedoelde projekten en de gigantyske slompen jild dy’t deroan bestege binne.

It begryp efterstân jout te folle it idee dat wy eins allegearre gelyk binne en dat men sadwaande mei ekstra ynspanning bern op itselde nivo krije kinne.

It is oppassen mei selsbeneamde ‘ûnderfiningssaakkundigen’, mar dochs dit: ik wie wat men tsjintwurdich in ‘efterstânsbern’ neame soe. Lykas safolle fan myn generaasje. Ik gie nea nei in pjutteboartersplak of beukerskoalle. Ik bin nea hifke mei de CITO toetsbatterijen. Myn âlden praten Frysk en hiene de legere skoalle amper ôfmakke. It is eins in wûnder dat ik en in soad fan myn generaasje ús yn ‘e moderne maatskippij hanthavenje kinne as wy sjogge wat no oer de bern útstruid wurdt.

Minsken binne goederleausk en wolle it bêste foar harren bern. En sa kom ik wer by de telefyzje. Yn 1997 begûn de Walt Disney Company in nij kommersjeel projekt. “Baby Einstein” boartersguod en dvd’s. Yntusken binne der titels lykas Baby Shakespeare, Baby Van Gogh, mar Baby Bach en Baby Mozart binne der ek. Op ien fan de ferkeapsiden seit in mem dit. Ik nim har reaksje oer:

Ik laat mijn dochter vanaf de 4e maand al kijken naar Baby Mozart. Eerst in een wippertje voor de tv en later in haar kinderstoel. Als ze de eerste tune hoort van de dvd, dan begint ze te lachen en te jubelen. Daarna is ze voor 20 minuten geheel van de wereld en met volle aandacht, geboeid door alles wat ze ziet en prachtige kirgeluidjes, kijkt ze de dvd helemaal uit. Heerlijk voor mama, zodat zij 20 minuutjes de tijd heeft om te koken. Daarna is mijn dochtertje zo moe van haar eigen inspanning om alles in zich op te nemen en tegelijk ook zo ontspannen door die rustige muziek, dat ze zonder protest gaat slapen. Ik vind het een absolute aanrader voor iedereen die net gezinsuitbreiding hebben gehad. Deze dvd is ook een erg leuk en origineel kraamcadeautje! Weer eens wat anders dan rompertjes en slabbetjes. Ik ga nu Baby Beethoven en Taal-lesjes kopen en ik denk dat ze daar net zo van zal genieten als van Baby Mozart!”

No liket it yn ferbân mei obesitas yn alle gefallen net ferstannich om bern al betiid op de bank foar de telefyzje te setten en as in knyn op te hokken. Mar út in stúdzje fan de Universiteit fan Washington die bliken dat bern tusken de 8 en 16 moannen dy’t dizze programma’s folgen in 16% legere skoare hiene op harren taalûntjouwing, wylst it gjin ferskil makke foar bern fan 17 oant 24 moannen. Eins hawwe de ûndersikers sein dat dizze dvd’s skealik wêze kinne foar de ûntjouwing fan bern. Dat wurdt fierder befêstige troch in stúdzje yn Boston, dêr’t de resultaten fan publisearre waarden yn it ramt fan “Pediatrics”. In Harvard-stúdzje liet fan tv-sjen ek in negative ynfloed op ‘e ûntjouwing fan jonge bern sjen. Itselde docht bliken út in Amerikaansk ûndersyk nei de gefolgen fan Teletubbies. “O o”, dy binne ek negatyf yn ferliking mei in natuerlik oanbod út ‘e echte wrâld.

It is wol saak om foarsichtich mei dit soarte fan útkomsten te wêzen. It kin wêze dat minsken mei minder mooglikheden mear telefyzje sjogge en harren bern mear sjen litte as minsken dy’t mear tiid of ynsjoch hawwe. En dat hat ynfloed op de útkomsten.

Yn ferbân mei Teletubbies liket my it folgjende filmke tapaslik.

Tinky Winky gets shot

desimber 8, 2022 19:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.