Feest yn it Prinsessehof foar de hiele húshâlding

desimber 28, 2022 08:43

Yn it Prinsessehof yn Ljouwert is it feest foar de hiele húshâling. Yn ’e fakânsje is it museum noch aardiger foar bern. Besikers kinne de nagelnije Feest!-útstalling ûntdekke oan ’e hân fan doch-opdrachten, mei-inoar as libbene kryststâl op ’e foto, of harren goede foarnimmens foar it nije jier op ludike wize fêstlizze. Yn desimber is in besite oan it Prinsessehof te kombinearjen mei in besite oan it Frysk Museum foar € 19,95 (yn stee fan € 27,50). Foar bern o/m 17 jier is de yntree fergees. Kaarten binne online te boeken en mear ynformaasje is te finen op www.princessehof.nl/kerst.

Foto: Ruben van Vliet

Libbene kryststâl
Yn it krystferhaal stiet de famylje sintraal. Yn ’e krystfakânsje kin men mei de hiele famylje as libbene kryststâl op ’e foto. Fotograaf Thomas Nondh Jansen leit it tafriel op 28, 29 en 30 desimber fan 13.00 oant 16.00 oere fêst. Fergees op fertoan fan in folwoeksene mei yntreebewiis. Fan tefoaren reservearje is net nedich.

Goede foarnimmens
Op 3, 4, 5 en 6 jannewaris kinne goede foarnimmens foar 2023 ûnder lieding fan in museumdosint yn tekeningen fêstlein wurde. Dat kin fan 13.00 oant 16.00 oere. Op fertoan fan in folwoeksene mei yntreebewiis is dat fergees. Foarôf oanmelde is net nedich.

It Prinsessehof wol graach dat elkenien dy’t dat wol, nettsjinsteande syn persoanlike situaasje, oan de aktiviteiten meidwaan kin. Wa’t bygelyks ferlet hat fan in redusearre yntreepriis of benijd is oft in aktiviteit by syn soarchferlet oanslút, kin kontakt opnimme mei activiteiten@princessehof.nl.

De útstalling Feest! is ûnderdiel fan Feest! Weet wat je viert, in lanlik edukaasjeprojekt foar it primêr ûnderwiis. Sjoch op www.weetwatjeviert.nl foar mear ynformaasje.

desimber 28, 2022 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.