Fan hearren en sizzen (ferhalen)

desimber 31, 2022 10:00

De ferhalen hjirûnder komme fan hearren en sizzen en wat iksels yn de bou belibbe ha.

Foto Jangerben Mulder

Yn Hoarnstersweach moat eartiids in frou oantaast wêze troch in man dy’t yn in swarte auto ried. Op de 23e wyk stie op de hoeke fan de Bij de Leiwei in lytse molkwein dy’t brûkt waard om de molkbussen fan de boeren dy’t oan dy wyk wennen te sammeljen, sadat de molkrider se dan oerlade koe op syn grutte wein.

Op in jûn wie it al skimerich doe’t in man dêr op ’e fyts lâns ried en ûnder de wein in donker skym seach. Foardat er de 23e wyk op draaide wie er by in swarte auto lâns fytst en doe kaam er ynienen op it idee, dit koe dy oantaaster wol wêze, dy is fêst fuortkrûpt doe’t er my oankommen seach. Hy stapte fan de fyts en rûn nei de wein. Der lei in spantou op de wein en dêr feegde er mei ûnder de wein. Der kaam in nuver hol lûd ûnder de wein wei. Lit it no in molkbus wêze dêr’t in jutesek op lei.

Solex
Yn in strjitte rûn ris in grou frommes mei in Solex oan ’e hân by in bouwurk lâns. Ien fan de boufakkers rôp: “Wol er net?” “Nee,” sei it frommes, “dat smoarge ding is samar opholden.” “De bûzjy sil wol fet wêze”, rôp de boufakker. “Och keardel, wêr praatsto oer,” sei it frommes, “myn bûzjy is ek geregeld fet, mar ik rin wol altiten troch.”

Foar it lapke hâlde
Eartiids waarden de learlingtimmerjonges noch alris foar it lapke holden. Krekt as dy jonge dy’t nei in izerwinkel stjoerd waard om in fjouwerkante gatsjeboar. De eigener fan de winkel foel fuort yn syn rol en sei: “Do moatst mar tsjin dyn baas sizze dat ik him bestelle sil en dan haw ik him de oare wike wol.”

Sels haw ik ek alris tocht dat ik foar it lapke holden waard. Dat kaam sa: by in ferbouwing moast de skoarstien ôfbrutsen wurde. Dy skoarstien siet tsjin de foargevel oan, doe’t dy weibrutsen wie, sieten der in soad swarte roetplakken op de muorre dêr’t de skoarstien tsjinoan sitten hie. “Wolsto in amer kowestront ophelje?” frege de baas. “Wêr dat foar?” frege ik. “Dat silst wol sjen”, sei er mei in gniis. Dat ik nei in stik lân flakby dêr’t kij yn rûnen, in troffel mei en sa skepte ik kowestront yn de amer. Doe’t ik wêrom kaam, krige de baas de amer mei stront oan en rûn nei de muorre ta dêr’t de roetplakken op sieten. Syn grutte hannen kamen yn de amer en hy kletste de stront tsjin de muorre. “Sa,” sei er, “no kin er, as de stront opdrûge is, stukadoare wurde en dan komme dy roetplakken der net mear troch.

Froulju
Eartiids haw ik oan it wurk west by in húshâlding mei sân bern. Dy bern slepten op de souder op matrassen neistinoar. Der moasten sliepkeammerkes makke wurde. As wy moarns kamen waarden de matrassen en it bêdeguod opinoar steapele en koene we oan it wurk.

Middeis om tolve oere ieten wy ús brochje op de souder. Dan kaam bytiden de man boppe by ús mei in prûs ierappels en dy iet er dan by ús op. “By it wiif hjirûnder is bytiden net te wêzen”, sei er. It akkordearre net sa bêst tusken dy twa. Op in moarn waard der in nije telefyzje brocht en middeis ried deselde man dy’t him brocht hie wer foar en helle him wer op. It die bliken dat de frou samar in nije telefyzje besteld hie, dêr’t har man neat fan wist. Doe’t er de middeis thúskaam en de telefyzje seach, skille er de hanneler op en sei: “Ophelje dat ding, want ik betelje him net.”

Boarne: Wikipedia. Lisinsje CC BY-SA 3.0

Dat frommes stjitte in kear by ûngelok troch in rút en doe kaam se by my, sloech de earm om my hinne en flústere: “Asto no tsjin dyn baas seist datsto it dien hast, kin syn fersekering dat moai betelje en dan wol ik dy wol temjitte komme… Dat woe ik net en doe hie ’k it by har bedoarn. No koe my dat net folle skele en koe ik it ek net litte om har wat te narjen. As wy moarns om sân oere kamen, lei dy frou noch op bêd en har man wie al nei syn wurk ta.
Se hiene yn de keuken in geiser boppe it oanrjocht tsjin de muorre dêr’t oan de oare kant har sliepkeamer wie. Wy hiene boppe de sliepkeamers klear en der moast ûnder yn it hûs ek noch wat barre. Der moast dan moarns earst speesje makke wurde en dêr moast wetter yn. Der wie in bûtenkraan en as dy net hielendal iepenset waard, begûn de geiser lawaai te meitsjen. Dêr waard hja wekker fan en snaude my ta: “Dat dochsto mei opsetsin.” “Nee hear,” sei ik, der moat moarns wetter brûkt wurde foar de speesje.”

Rabberij
Ik haw ek alris oan it wurk west by lju dy’t foarinoar oer wennen. Doe’t ik by dy iene oan it wurk wie sei dy: “Dat frommes hjir foaroer sit hieltiten efter it raam nei my te loeren” en doe’t ik by dy oare oan it wurk wie, sei dy itselde.

By de iene rûn in leane neist it hûs lâns nei efteren. De frou dêr’t ik oan it wurk wie, wie drok oer har buorfrou oan it rabjen: “Se giet ek noch frjemd. Ik stie lêsten by de dyk en doe seach ik in man op hannen en fuotten efter de hage lâns krûpen en dy skeat ta de syddoar yn. Dat doocht fêst net.”

Jangerben Mulder

 

 

 

 

 

 

 

 

desimber 31, 2022 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.