Enerzjybank Fryslân earder úteinset troch subsydzje
Resint ferskynd
Provinsje Fryslân ferlient in ynsidintele subsydzje fan € 300.000 oan de Enerzjybank Fryslân. It kolleezje fan Deputearre Steaten hat hjoed mei dizze subsydzje-oanfraach fan de ANBI-stichting ynstimd. It subsydzje stelt de Enerzjybank Fryslân yn steat in fleanende start te meitsjen mei projekten om enerzjyearme Fryske húshâldens te stypjen by enerzjybesparring. Yn totaal wol de stichting stipe biede oan 9.000 enerzjyearme Fryske húshâldens foar de ein fan 2023.

Foto: Provinsje Fryslân
De winter stiet foar de doar. De need is heech om enerzjyearme húshâldens te stypjen by it besparjen fan enerzjy. Benammen no’t de enerzjyprizen flink omheech gien binne. De Enerzjybank Fryslân is dit jier oprjochte om elk húshâlden dat op syn minst 10% fan it te besteegjen ynkommen oan de enerzjyrekken kwyt is te helpen by ferduorsumjen. Dat docht de bank op projektmjittige wize yn nauwe gearwurking mei de mienskip: fan doarpsbelangen, wenningkorporaasjes oant tsjerken, fan gemeenten, enerzjykorporaasjes oant fikteams (besteande út leden fan sportferieningen).
Enerzjycoaches en fikteams
Fryske enerzjyearme húshâldens wurde benammen stipe troch enerzjycoaches en fikteams. Enerzjycoaches bringe yn kaart hoe’t de wenning ferduorsume wurde kin en fikteams passe enerzjybesparjende maatregels ta. Foarbylden fan soksoarte maatregels binne siichstripen, wetterbesparjende dûskoppen en radiatorfoly. Oan ’e hân fan ynformaasje fan Data Fryslân kin de bank de ynset fan enerzjycoaches en fikteams op de enerzjyearmste buerten yn in gemeente rjochtsje.
Provinsjebreed
Mei de ynsidintele subsydzjeferliening wurdt de Enerzjybank earder operasjoneel foar projekten ferspraat oer de hiele provinsje. Hy operearret ûnder de flagge fan de Energiebank Nederland. De measten operearje yn ien gemeente. De wurkwize fan de Enerzjybank Fryslân is dêrom opfallend. Der is bewust foar in provinsjebrede oanpak keazen. Belutsenen fan de bank witte dat de oanpak fan enerzjyearmoede fertrage wurdt troch in tekoart oan enerzjycoaches. Mei de middels beskikber út de ynsidintele subsydzje liedt de Enerzjybank Fryslân op syn minst in dozyn nije enerzjycoaches op dy’t fleksibel ynset wurde kinne om projekten fan bygelyks gemeenten of wenningkorporaasjes te stypjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje