Ellen Nauta nije foarsitter P10
Resint ferskynd

Ellen Nauta, foto P10
Op de jierlikse wintergearsit fan P10 – netwurk fan tritich plattelânsgemeenten – dy’t juster op de Wageningen Universiteit holden waard, is Ellen Nauta de nije foarsitter fan it Algemien Bestjoer wurden. Frou Nauta folget Harry Scholten op, dy’t waarnimmend foarsitter wie sûnt boargemaster Ellen van Selm ôfgie. Ellen Nauta is sûnt 2013 boargemaster fan Hof van Twente.
As lid fan it Europeeske Komitee fan de Regio’s en fan de VNG-kommisje Europa en Internationaal wurket frou Nauta hurd om de stim fan it plattelân yn Europa hearre te litten. Se hat in grut netwurk yn De Haach en Brussel, dat se ynsette wol foar de belangen fan P10. Se wol dat P10 him noch sterker ynset op de krêft fan it plattelân: “Stêd en plattelân hawwe inoar nedich foar de grutte transysjes op it mêd fan klimaat, duorsumens en lânbou. Net út de tsjinstelling, mar út de komplemintariteit is de P10 in ûnderdiel fan de oplossing.”
Takomme jier jannewaris praat it Algemien Bestjoer oer de strategyske fyzje foar 2023-2026. Dêr wurdt de al besteande Agenda Platteland yn opnommen, mei tsien konkrete punten dy’t yn it belang fan it hiele lân oanpakt wurde moatte: plattelân én stêd.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje