Easken busferfier Fryslân 2024-2034 lizze op besjen

desimber 7, 2022 12:03

Takom maitiid set de oanbesteging fan it iepenbier ferfier yn Fryslân útein. As basis dêrfoar is it Untwerp Programma fan Easken opsteld. Dêr steane de minimale easken yn dêr’t de ynskriuwende ferfierders oan foldwaan moatte. It úteinlike oanbod fan de ferfierder kin dus wiidweidiger wêze as beskreaun is. Elkenien kin oant en mei 20 jannewaris 2023 op it Untwerp Programma fan Easken reagearje.

Foto: Wikipedia/PPP – CC BY-SA 3.0

Troch de effekten fan koroana hat de provinsje Fryslân keazen foar in oerbrêgingskonsesje fan twa jier. Dy konsesje rint 14 desimber 2024 ôf. De provinsje Fryslân ferlient de konsesje oan in ferfierder foar de perioade fan 15 desimber 2024 oant en mei desimber 2034.

Untwerp Programma fan Easken
Ien fan de wichtichste útgongspunten is om reizgers yn it Fryske iepenbier busferfier werom te krijen en om nije reizgers oan te lûken. Op it mêd fan duorsumens stribbet de provinsje dernei om sa gau mooglik en yn alle gefallen fan 2030 ôf allinnich noch mar zero-emisjebussen ride te litten.

“Wy daagje ferfierders út om mei kreative oplossingen te kommen”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder. “Sa wolle wy ek it plattelân sa goed mooglik berikber hâlde. Want oft men no yn Burgwert wennet, yn Ljussens of yn ien fan ús gruttere plakken: oeral moat men de mooglikheid hawwe om fan it iepenber ferfier gebrûk te meitsjen.”

Reagearje
Fan 7 desimber 2022 oant en mei 20 jannewaris 2023 kin elkenien dy’t belangstelling hat foar it iepenbier ferfier reagearje op it Untwerp Programma fan Easken troch in reaksje yn te tsjinjen fia www.fryslan.frl/busvervoer-fryslan. Nei’t alle reaksjes beoardiele en ôfwoegen binne, stelt de provinsje it definitive Programma fan Easken fêst. De provinsje ferwachtet yn maart útein te setten mei de oanbesteging. Elk bedriuw dat it iepenbier ferfier fersoargje wolle soe, moat op basis fan it bestek in offerte nei de provinsje stjoere. De provinsje beoardielet de offerte en beslút hokker partij de kommende tsien jier it ferfier fersoargje mei. Nei ferwachting is dat yn ’e hjerst fan 2023 dúdlik.

desimber 7, 2022 12:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.