Dokter, mei it ek yn it Frysk?

desimber 11, 2022 08:33

Sûnt ôfrûne freed krije pasjinten yn de Fryske sikehuzen op in oantal ôfdielingen de pasjinteynformaasje sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk oanbean. It Ljouwerter bedriuw Indiveo ûntwikkelet foar ûnder oaren de Fryske sikehuzen pasjinteynformaasje yn de foarm fan animaasjefideo’s, saneamde divi’s. Yn gearwurking mei de Afûk is in earste searje fan 60 fan dy divi’s no ek mei in Fryske voice-over beskikber makke.

Foto: Jacob van Essen/Hoge Noorden

“Yn emosjonele situaasjes falt men graach op de memmetaal werom”, ljochtet Ralph Koppers, ien fan de inisjatyfnimmers fan Indiveo en longarts yn it MCL ta, “It wie dus in logyske stap om in Fryske ferzje te ûntwikkeljen. Minsken begripe de ynformaasje yn de eigen taal better, en it is op de ien of oare manier minder bedriigjend.” Mei it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’ stimulearret de Afûk it gebrûk fan de eigen taal yn soarchsituaasjes. In gearwurking tusken Indiveo en Afûk lei dêrom foar de hân. Mei stipe fan de provinsje koe it ferfryskjen fan de divi’s útfierd wurde. Foar no is derfoar keazen om in seleksje divi’s fan in Fryske stim te foarsjen, nammentlik foar de spesjalismen ortopedy, (boarst)kanker, sjirurgy en bern. De kommende jierren hoopje Indiveo en Afûk it tal Frysktalige divi’s foar hieltyd mear spesjalismen út te wreidzjen.

Fryske Freed
It nijs oer it beskikber kommen fan de Frysktalige pasjinteynformaasje kaam net tafallich op freed 9 desimber. “Wy fûnen dat, mei de fjouwer Fryske sikehuzen Nij Smellinghe, Antonius, Tjongerschans en MCL, in moaie gelegenheid om hjir omtinken oan te jaan”, sa ferklearret Sjoukje Jager, projektmeiwurker by de Afûk. “Wy hoopje sa mei-elkoar in soad minsken te berikken en sjen te litten: sjoch, dat kin ek yn it Frysk. Elk besteget dêr hjoed op syn eigen wize omtinken oan. Dat is ek wat Fryske Freed is. Moai dochs?”

Omtinken foar taal yn ’e soarch
Neist it beskikber kommen fan de Frysktalige pasjinteynformaasje, dy’t rjochte is op soarchfregers, sil der yn de kommende moannen ek ekstra omtinken wêze foar taal yn ’e soarch rjochte op soarchferlieners. Dat bart yn de foarm fan in searje artikels dêr’t ferskate soarchmeiwurkers út de Fryske sikehuzen yn oan it wurd komme. Mirjam Vellinga, projektlieder Taalpromoasje by de Afûk, ljochtet ta: “Minsken kinne harren faak better útdrukke yn de eigen taal en jouwe dêrtroch dan faak ek mear en bettere ynformaasje. Dêrnjonken stelt it brûken fan de eigen taal minsken op harren gemak. Elk dy’t Frysk praat sil dat gefoel fan ‘o, wy kinne wol gewoan Fryske prate’ herkenne. Dat skept in bân, jout fertrouwen. It brûken fan de eigen taal yn soarchsituaasjes is belangryk en dat belang ûnderkenne begjint mei it kreëarjen fan bewustwêzen, it deroer ha.”

desimber 11, 2022 08:33
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen desimber 11, 16:18

    Jûchhei, mear fan soks!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.