Doede Wiersma: Hat de trijehoek al west?

desimber 4, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Wy wennen in ein fan ’e dyk, fan it doarp en fan de skoalle ôf. As der op in moarn in pak snie lei, wie de fraach: “Hat de trijehoek al west?” De trijehoek wie in trijehoekich gefaarte efter in auto dy’t de snie nei de kanten fan ’e wei skode. As er west hie, koene wy nei skoalle ta en de molkbussen nei de dyk.
Dêr moat ik oan tinke as Jesaja ropt: “Der rint in goede wei troch!” Sa roppe wy ek as mei sterk iis baanfage is: “De baan is dertroch!”

De Bibel brûkt net it byld fan in snielânskip, mar fan in woestyn. ‘Ynsnijd wêze’ of ‘yn ’e woestyn sitte’ is in moai byld foar libje ûnder swiere omstannichheden. Jesaja wol dat minsken de hoop dan net opjouwe. Op ’e iene of oare wize falt krekt dan wat fan God te belibjen. Dêrom hâlde wy hoop. Op ’e iene of oare wize sil de ynfloed fan God, fan Jezus, derfoar soargje dat de woestyn yn ’e bloei rekket as in fjild titelroazen.

Advint betsjut: de trijehoek sil komme.
Jezus is kommen, en Hy komt hieltyd wer. Hy bringt ús heil en frede en Hy daget ús út om ús dêrfoar yn te setten. Want hoop is ynklusyf. Dat wol sizze: Jezus freget ús bydrage oan dy hoop.

Ommers,
blinen moatte in blinehûn hawwe en braille leare,
handikapten hawwe in rolstoel nedich en spesjaal ûnderwiis,
flechtlingen freegje om goede opfang
en aids-pasjinten om medisinen.

Lêze: Jesaja 35:5-10

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)

 

desimber 4, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.