Doede Wiersma: De oarsprong fan de Messias-ferwachting
Resint ferskynd
Oertinking
Yn 1975 ferskynde in orizjineel kommentaar fan dr. A.S. van der Woude op it bibelboek Micha. As studinten makken wy syn jierrenlange wrakseling mei dat boek mei. As doktoraal studint mei haadfak Alde Testamint (1972-1974) belibbe ik it fan tichteby. Doe’t it boek ferskynde wie ik syn meiwurker (1974-1978).
Yn 1985 ferskynde foar in breder publyk syn Profeet en establishment, een verklaring van het boek Micha. Dêr stiet in haadstik yn oer de oarsprong fan de messiaanske ferwachting yn Israel. Van der Woude fynt dy yn de profesy fan Natan oan David:
“Dyn hûs sil duorjend wêze en dyn keningskip foar altyd yn stân bliuwe. Dyn troan sil foar altyd fêst stean” (2 Samuël 7:16).
“De messiaanske ferwachting,” sei Van der Woude, “is berne yn de teloarstelling oer wat it hûs fan David wie yn de dagen fan Jesaja en Micha. Mar lit se berne wêze yn de teloarstelling, se is net ûntstien út teloarstelling, mar út it ûnfermindere fêsthâlden oan de trou fan God. Dy sprekt út de belofte fan Natan. Dêrom rint it twiichje út de deade stobbe (Jesaja), en dêrom komt der út it lytse Betlehem foar de twadde kear in nije kening.”
Omdat Jezus berne ís út it laach fan David, ropt Hy grutte ferwachtingen op. Hy lit yn syn hâlden en dragen sjen dat Er ‘Messias’ is. Dat Er: “Foar My (=Jahwèh)” regearje sil as goede Hoeder (Micha 5:1-3). Dêrom is it goed dat Hy it te sizzen kriget oan de einen fan de ierde ta (Micha 5:3).
Wy meie ús ynspirearje litte troch dy Iene dy’t út Betlehem komt. Dêrom sjonge wy yn ’e advintstiid sa graach: “Hy tocht wer oan syn wolbehagen” (Psalm 98:2 berime).
Lêze: 2 Samuël 7:12-17 en/of Gesang 131 (Lieteboek foar de tsjerken, 1977)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje