Doede Wiersma: Adeldom ferplichtet
Resint ferskynd
Oertinking
Der binne minsken dy’t har derop foarstean litte dat se fan heech komôf binne, of dat se in hege titel ha. Foarhinne krige immen oansjen om’t er learaar, dokter, dominy, notaris of grutboer wie. It is lykwols better dat men gesach kriget om’t men it fertsjinnet en wier makket.
David ferovere Jeruzalem, helle dêr de arke hinne, en Salomo boude dêr de timpel. Doe waard it in ferneamd godstsjinstich sintrum en pylgerplak (Psalm 122). It siet der by de minsken djip yn dat God dêr wenne en dat Jeruzalem dêrom ûnoantaastber wie en net te oerwinnen (Psalm 46:3; 48:13-15; 132:13-18). It refrein fan Psalm 46 siet de geastlike elite yn murch en bonken: “De Heare Almachtich is mei ús!” De wurden fan ’e pryster tusken dat refrein troch: “God is yn har fermidden, hja wifket net,” rûnen de lju as lij wetter yn ’e earen. Fijannen yn ’e oanfal soene it wis bestjerre! (Psalm 48:6-8).
It tsjûget fan grutte moed as profeten derop wize dat adeldom plichten meibringt. Men kin wol ‘stêd fan frede’ hjitte, mar it wêze is wat oars. Omdat minskerjochten skeind wurde, hat Amos as earste krityk (Amos 2:4, 5). Dêrnei komt Jesaja mei wol hiel felle wurden:
“Wat is Jeruzalem dochs in hoer wurden,
de stêd dy’t sa trou west hat,
dêr’t it rjocht syn honk hie
en de gerjochtichheid wenne” (Jesaja 1:21).
It kin dus wol, mar Jesaja sprekt de minsken oan as “folk fan Gomorra” (Jesaja 1:10). Slimmer skelwurd koe er net betinke.
Lykas Sodom en Gomorra sil it Jeruzalem fergean. Troch eigen kwea strûpe se derûnder. Sarkastysk beneamt Jesaja de pronksucht fan de froulju yn Jeruzalem en de gefolgen dêrfan (3:16-26).
Yn ’e advintswiken fiere wy dat God-mei-ús is, mar binne wy mei Him? Adeldom ferplichtet!
Lêze: Jesaja 1:21-26
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje