Dickens yn desimber
Resint ferskynd
Skôging

Charles Dickens. Foto út 1850. Fotograaf ûnbekend. Boarne: Wikimedia Commons (publyk domein)
Charles Dickens waard mear as twahûndert jier lyn berne. Hy wie yn syn libben al in ferneamd skriuwer. Alle jierren binne der oeral produksjes en aktiviteiten om Dickens hinne, benammen yn desimber. Sa is der in Dickensfestival yn Deventer, mar Dickens wie ôfrûne wiken ek op ’e Lemmer en yn Frjentsjer. Hoe is it mooglik dat de skriuwer 150 jier nei syn dea noch sa populêr is?
Pier Bergsma
Charles Dickens waard berne yn 1812. Fan it begjin fan syn skriuwerskip yn 1836 mei de ‘Pickwick Papers’ hie er grut sukses. Syn romans ferskynden yn moanlikse ôfleveringen om de oankeap troch in breed publyk mooglik te meitsjen. Al gau dêrnei ferskynden oersettingen, ek yn it Nederlânsk. Dickens wie in geniale ferhaleferteller. It is net om ’e nocht dat syn boeken ferfilme binne en guon folle faker as ien kear. Sels haw ik in dvd-box mei tsien BBC-ferfilmingen út 2009. Elkenien ken ‘Scrooge’, de nepert dy’t op krystjûn ta ynkear komt. Syn bekendste romans binne David Copperfield en Oliver Twist, mar Great Expectations, skreaun yn 1861, wurdt beskôge as syn bêste ferhaal.
‘Grutte ferwachtingen’ fertelt oer in earm weesjonkje dêr’t it letter goed mei komt. Troch ûnferwachte moetingen feroaret it libben fan haadpersoan Pip folslein. De aparte, ûngelokkige en healwize frou Havisham wol dat Pip mei har adoptyfdochter Estella boartet. Pip is gek op har, mar se beäntwurdet syn freonskip net, omdat it famke grutbrocht wurdt “om herten te brekken”.
Folle letter yn it ferhaal komt der in advokaat del om Pip mei te dielen dat er in fortún erve hat. Philip, syn eigentlike namme, hie grutte ferwachtingen, mar wa is dy mysterieuze goeddogger? Troch it grutte bedrach oan is Pip by steat om in nij en oar libben yn Londen te begjinnen. Om dat te begripen moatte wy werom nei it begjin fan it ferhaal.
Pip stjerrende benaud op it tsjerkhôf
Op in tsjustere kâlde neimiddei is jonkje Pip op it begraafplak fan syn doarp. Syn âlden en syn fiif bruorren binne dêr begroeven. Ynienen komt der in wylde keardel efter in grêfstien wei: “Hâld dy stil, duvelsjonge, of ik snij dy de kiel troch.” It is in man, smoarch, sûnder hoed, mei stikkene skuon, in âlde lape om ‘e holle en mei in izer oan in skonk.
Neidat Pip ferteld hat wa’t er is en dat er by syn suster wennet dy’t troud is mei in smid, wurdt er op ‘e nij troch de frjemdling mei de dea bedrige. Hy moat in file en iten bringe en oars sil syn hert út it lichem snien wurde. De woesteling blykt in ûntsnapte finzene te wêzen mei de namme Magwitch. Koart nei dat barren wurdt er pakt en ferballe nei Australië. Sûnder it dan te witten sil dizze man út de bernejierren in wichtige rol yn syn lettere libben spylje.
Dickens wist goed wat bern benaud makket. De skriuwer hie lokkige jierren fan fiif oant tsien, mar letter moast syn heit fanwegen skulden nei de finzenis en de lytse Charles moast oan it wurk yn in skuonpoetsersguodfabryk. Dickens wenne yn drege omstannichheden yn Londen. Hy wie de iennige dy’t foar de húshâlding fertsjinje koe. It wie in hel foar him. It binne perfoarst gjin berneboeken, ek al geane se oer bern. David Copperfield út 1849 wie it earste boek fan in bern as ferteller yn de earste persoan. Sa kin men dat jier beskôgje as it begjin fan in nije perioade yn de literatuer.
Maarten ’t Hart beskôget yn Het eeuwige moment haadstik 39 as in hichtepunt fan it boek. Dêr giet it oer de nije moeting tusken Pip en Magwitch. Sels fyn ik haadstik 8 de muoite fan in sitaat wurdich. Ik doch dat stikje yn ús oare rykstaal, fanwegen myn eigen Nederlânsktalige oersetting. It giet oer Pip dy’t yn ’e kunde komt mei frou Havisham:
“Zij was kostbaar gekleed – in satijn, kant en zijde – alles wit. Haar schoenen waren eveneens wit. Over het haar hing een lange witte sluier en in haar kapsel dat ook wit was had zij witte bruidsbloemen. Enkel schitterende juwelen flonkerden aan haar hals en handen en nog andere juwelen blonken op tafel. (…) Maar ik zag, dat alles wat binnen mijn gezichtskring wit behoorde te zijn, lang geleden wit geweest was en dat het zijn glans verloren had en er smoezelig en vergeeld uitzag… ”Kom dichterbij; laat me je eens bekijken, je bent toch niet bang voor een vrouw die de zon niet heeft gezien sinds jij geboren werd?“
As er de oare kear wer komt om mei Estella te boartsjen, leart er it hûs better kennen. Yn ien fan ‘e keamers hinget in muffe lucht mei yn ‘e midden op in lange tafel…
“stond één of ander sierlijk stuk; er hingen zulke dikke spinnenwebben overheen dat de vorm ervan beslist niet te onderscheiden was, en terwijl ik langs het geelwitte vlak keek waaruit een zwarte zwam scheen op te groeien, zag ik bontgevlekte spinnen met knobbelachtige lijven af en aan lopen. “Wat denk je dat het is?… “dat is een grote taart. Een bruidstaart. Van mij.”
It docht bliken dat se op ‘e dei dat se trouwe soe, troch har brêgeman ferlitten waard. De klok jout noch de tiid fan dat needlottige barren oan: tweintich oer njoggenen.
Yn ‘e perioade dat er ‘Great Expectations’ skreau, wie der ferwidering tusken Dickens en syn frou. Hy rekke fereale op de jonge Ingelske aktrise Ellen Ternan. It kaam ta in útbarsting doe’t in juwelier by fersin in broche foar Ellen oan Dickens syn frou ôflevere. It is net wis oft Ellen en Charles yn it begjin ek in seksuele relaasje hiene. Saakkundigen hawwe suggerearre dat krekt de passaazjes oer frou Havisham en Estella foar in part basearre binne op, of ûntstien binne troch Dickens syn problematyske relaasje mei syn frou, wylst syn nije leafde ynearsten grif net reagearre op syn seksueel eroatyske stappen. Dickenskenner Godfried Bomans skriuwt yn dat ferbân:
“Men kan bij oerdriften als de drang tot voortplanting veilig aannemen dat het patroon ervan door alle eeuwen gelijkvormig is geweest.”
Al wie it de fiktoriaanske tiid, sis ik derby. Dickens wie negatyf oer syn frou en suggerearre dat it nea wiere leafde west hie, mar de leafdesbrieven dy’t oan ‘e Britske Biblioteek skonken binne, skilderje in hiel oar byld.
Grutte ferwachtingen is wrâldwiid oerset, ferskate kearen ferfilme en bewurke ta musical en as toanielstik. It is in boeiende roman oer de ûntjouwing fan in bern ta in man. Yn lannen as Yndia, dat troch de taal altyd in nauwe bân hân hat mei Ingelske literatuer, wurdt it boek noch lêzen, bewurke en bestudearre, want dêr dreame in soad jonges fan it paad dat dy earme weesjonge naam en dêr er op ta bloei kaam.
Hjirby de trailer fan in film út 2012
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje