Deadskop T. rex bringt miljoenen op, mar folle minder as tocht

desimber 11, 2022 08:29 Fernijd

In plasse fan in Tyrannosaurus rex is op in feiling yn New York ferkocht foar omrekkene 5,8 miljoen euro. Dat is in stik minder as earder rûze wie.

Tyrannosaurus rex (ôfbylding: Wikipedia/Charles Knight – publyk domein)

Feilinghûs Sotheby’s rekkene op in opbringst fan fjirtjin oant njoggentjin miljoen euro, foaral om’t it de earste kear wie dat in T. rex-deadskop feile waard en de plasse behoarlik folslein wie. Boppedat giene oare dinobonkerakken de lêste jierren foar rekôrprizen ûnder de hammer, lykas in gorgosaurus fan hast seis miljoen euro yn july.

In saakkundige seit tsjin The New York Times dat it betrouwen faaks út de merk ferdwûn is, trochdat koartlyn de feiling fan in T. rex-bonkerak yn Hongkong net trochgie. Dêr wie ûndúdlikens ûntstien oer hoefolle bonken echte fossilen wiene. De yn New York ferkochte deadskop, mei de bynamme Maximus, is net hielendal folslein. Neffens Sotheby’s is sa’n trijefearn fan de bonken orizjineel. De rest fan de plasse bestiet út ôfjitsels.

De deadskop waard yn 2020 en 2021 yn de Amerikaanske steat South Dakota bleatlein. De nei alle gedachten folwoeksen T. rex is dêr sa’n 67 miljoen jier lyn deagien.

desimber 11, 2022 08:29 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.