De Fryske identiteit is iuwenâld en is net provinsjaalsk

desimber 17, 2022 08:48

Ynstjoerd

De âld Ljouwerter is sa stadichoan hielendal troch de stront hinne sakke. Wat in oare krant is it wurden, dit blêd, dat noch altiten mient de pretinsjeuze titel “Hoofdblad van Friesland” fiere te meien. It earste it bêste suffertsje docht it sa stadichoan better. It stik hat al yn it Dagblad van het Noorden stien, no hat it Âld Wiif (sa neamden de readen yn Fryslân ea de LC) it ek: it ferhaal fan de my oant dizze wike ta folslein ûnbekende skriuwer Gerard Stout út Peize.

Dat leit in Drinte, en dêr skine se in soarte fan provinsjale dialektstridersferiening te hawwen. Net dat soks makket, mar de leden dêrfan lykje grutsk te wêzen op harren ideolekt, dat se in “taol” neame. Se witte ek wol, dat it gjin echte taal is. Dêrom hawwe se in soarte fan koepel-identiteit konstruearre, dy’t “Nedersaksisch” hjit. Dêrûnder wurdt alles, wat in bytsje “krumme” – sa neamden wy yn myn jonge jierren op de Tynje de taal fan de wurkers yn de turf, dy’t út dy kriten wei nei Fryslân kommen wiene – praat, ûnder beflapt. Dat sil helpe, in net-besteande en net-libbensfetbere identiteit.

Dat ferhaal fan dy Stout is in typysk Drintsk ferhaal. It is loflik, dat hy wat goed bedoelde oanwizings jout, want de streektaol fan Drinte – lykas dy fan de Stellingwerven, mar dan de tael – fyn ik bêst wol moai om te hearren. En se hawwe myn sympaty as se dy behâlde wolle. Mar it is in smychtestreek fan de skriuwer út Peize, om yn syn litany ek it Frysk mar efkes in traap te jaan.

No moat ik tajaan dat in part fan de Fryske beweging der ek mei skuldich oan is, dat lju as Stout sa reagearje kinne. Dat is dat part, dat o sa benaud is om him oan kâld wetter te barnen en nea ta aksje oan te trúnjen is. Tsjinstinnend oant en mei. Dat is ek it part dat “Nederlân” op in fuotstik set, wylst de bananemonargy dat hielendal net fertsjinnet. Mar se wolle o sa graach by dit Nederlân bliuwe, omdat se tinke dat dêr it heil te finen is. Dat moat sokken wol ferskriklik ôffalle. Boppedat ferlieze se hielendal út it each dat de komplete bestjoerselite fan it keninkryk drok dwaande is om alle poaten ûnder it lân wei te seagjen. Mei oare wurden: it Nederlân lykas wy dat kenne, hat syn langste tiid hân.

Yn stee fan dat benaude, soenen se folle better frank en frij stribje kinnen nei in Fryske steat op it grûngebiet fan it Nederlân fan no as alternatyf. Dêrby útgeande fan it Traktaat fan de Sân Seelannen. Dêrby útgeande fan de hiele âlde Fryske tradysjes fan rjocht en frijheid.  De Fryske taal kin dêrby net beskôge wurde as in oerâlde Fryske tradysje, mar kin wol folle better behâlden bliuwe mei sa’n konsept as dêr’t de Fryske striders no har sinleaze hope op fêstigje.

Yn skerpe tsjinstelling ta dy troch Stout ferûnderstelde “Nedersaksische” identiteit bestiet de Fryske identiteit wol. Net as in soarte fan leaflyts provinsjaal ferskynsel, mar yn it noch altiten libbene witten dat wy allegearre op de ien of de oare wize de fuortsetters (en dêrtroch hoeders) binne fan in minstens 2000 jier âlde kollektive identiteit, dêr’t de oantsjutting “Frysk” en “Friezinnen/Friezen” oan ferbûn wie en is. Stout hat it oer in “vermeende regionale identiteit”. Dat mei dan jilde foar him as Drint, mar foar ús jildt dat net. Wy hawwe in oar en ek in eigen ferhaal. Dat hat Stout hielendal net.

Kerst Huisman, Ljouwert

Hjir is it stik fan Stout:

desimber 17, 2022 08:48
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Klaas Aaldert van der Veen desimber 18, 16:20

    De hear Stout hie better pleitsje kinnen foar in heechleraar Nedersaksysk,dan de Friezen hun heechleraar te misgunnen. Mar ja , in heechleraar Nedersaksysk skynt blykber net sa ‘woke’ te weazen, oars hie it d’r al west. Hy fynt himsels blykber wol ‘woke’ te finen mei syn ‘We are all individuals’

  2. Klaas Aaldert van der Veen desimber 18, 16:26

    Ik typte ‘fynt’ ,mar bedoelde ‘skynt’, mar dat ha jimme wol troch tink ik.

  3. Klaas Groen | Grinsgefål augustus 13, 21:29

    Dizze skriuwer projekteart syn eigen wanklanken oer it Nedersaksysk op in foarfål dat mei it Frysk te krijen hat. Tige spitich dat dy taal de boat mist hat. In echte Nedersaksyske ienheid en dus ek identiteit hie der liede kind dat wy der yn Nederlân noch in taal by hiene. Mar de flagge hinget der no spitigernôch oars by. En ‘de lêste heechlearaar Frysk’, dat wie neffens my te foarbarich. En oan syn fragen te sjen hie’d er it boek fan Goffe Jensma: Exit Fryslân noch net lêzen. Want dêr stean in soad antwurden yn.

  4. Leen Seekles augustus 16, 22:43

    Gerard Stout is dus een individalist, losgeslagen van z’n eigen taal en identiteit. Hij heeft geen idee dat z’n moedertaal mede z’n identiteit heeft bepaald en dat hij in z’n moedertaal het dichts bij z’n emotie zou kunnen komen. Streektaal, dialect of “echte” taal doet er hier niet toe. Emotieloos dus ook de “vermeende regionale identiteit”. Als Achtehoeker zeg ik dan: “Bekiek ut oe moar”

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.