Campus Fryslân oerlibbet troch en mei Ingelsk

desimber 30, 2022 13:43

Skôging

Kampus Fryslân. Foto © RUG

Op ús universiteiten slacht it Ingelsk foar master op. It Nederlânsk is der in bedrige taal, om fan it Frysk mar net te praten. Heech tiid foar nije wetjouwing.

Pier Bergsma

Tongersdei 18 novimber stie der in ynstjoerd stik fan my yn de NRC “Help, het Fries wordt de nek omgedraaid”. Dat wie nei it ”It Frysk wurdt de nekke omdraaid yn Grins” yn de LC fan 3 novimber in twadde reaksje op it net beneamen fan in heechlearaar Frysk nei it ôfskie fan Goffe Jensma. Dat stik einige sa: “De economische waarde van het Fries is nihil. Het is niets voor niets dat de elfde faculteit van de RUG in Leeuwarden volledig Engelstalig is vanwege de inkomsten van al die buitenlandse studenten. We hebben er in Friesland begrip voor dat politiek Den Haag de wolf beschermt en het klimaat gaat redden, maar de bestuursafspraak Friese taal blijkt op drijfzand te berusten,”

Ik krige nei oanlieding fan dat stik in tal reaksjes. Ik behein my ta de nijsgjirrige brief dy’t ik krige fan prof. dr. Andrej Zwitter, dekaan fan de Campus Fryslân fan de universiteit fan Grins. Yn dy brief komt hy mei arguminten wêrom’t Ljouwert foar it Ingelsk kiest. Gearwurkje oer de grinzen freget bygelyks om in mienskiplike taal dêr’t studinten en wittenskippers mei en mei-inoar yn kommunisearje, lykas earder it Latyn oan de universiteit fan Frjentsjer en no Ingelsk op Campus Fryslân. Wy hawwe oer dy brief in petear hân.

De kearnfraach is yn hokker mjitte de Nederlânske belestingbeteller meibetelje moat oan al dy bûtenlânske studinten oan ús universiteiten. Wat hawwe wy deroan en wat stiet der yn de wet oangeande de taal? Om mei dy wet te begjinnen, yn artikel 7.2 fan de wet op it heger ûnderwiis stiet dat der yn it Nederlânsk lesjûn wurde moat, of it moat wêze dat der needsaak is om in oare taal te brûken.

It is dúdlik dat de universiteiten, mei in treddepart fan de 340.000 studinten út it bûtenlân, harren net oan de wet hâlde. Al yn 2018 hat de feriening ‘Beter Onderwijs Nederland’ in rjochtsaak oanspand yn ferbân mei de ‘verengelsing’ fan it heger ûnderwiis, dat de kwaliteit ûnder druk set. Ommers it grutste part fan de studinten sil yn ús eigen lân komme te wurkjen en hat dêrom ferlet fan in goede taalfeardigens yn it Nederlânsk, noch ôfsjoen fan alle oare problemen lykas de húsfêsting fan dy bûtenlânske studinten.

It regear sjocht ek yn dat der dúdlikheid komme moat. It is dan ek net om ’e nocht dat der op 13 juny 2022 in brief fan de minister fan Underwiis nei de Earste Keamer gie oer de Wet taal en toegankelijkheid, want de universiteiten rinne tsjin de grinzen fan harren kapasiteit oan. De minister skriuwt yn dy brief dat it om in balâns gean moat tusken de weardefolle aspekten fan ynternasjonalisearring en de tagongklikheid, kwaliteit en finansiering fan it heger ûnderwiis. Fan ‘in duurzaam stelsel’ is no gjin sprake. Dêr wurdt oan wurke.

De RUG moat him dêr wol gewoan by oan de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer hâlde

Troch wetjouwing kinne studinten oan alle Europeeske universiteiten tsjin itselde ynskriuwjild studearje. Dat is in grut foarrjocht en dat moat foaral sa bliuwe. De bestjoerders fan de universiteiten krije dêr op dit stuit te folle romte by om harren eigen gong te gean. Sjoch de rebûlje om de opfolging fan Goffe Jensma hinne. It seit himsels dat se benaud binne foar beheiningen fan harren belied. Dochs sil dat nedich wêze.

De bachelor-opliedingen soene yn prinsipe Nederlânsktalich wêze moatte. As de universiteiten dochs Ingelsk hantearje wolle, krije se foar dat part gjin publike finansiering. By de masteropliedingen soene grinzen foar it gebrûk fan Ingelsk as ynstruksjetaal fêststeld wurde kinne, by beide opliedingen méí ôfhinklik fan it tal minsken dat wy yn ús lân nedich hawwe.

Wy wolle net graach nei in soarte fan sovjetisearring fan it heger ûnderwiis dêr’t de steat by fêststelt wa’t wat en wêr studearje mei, mar op dit stuit is de doelmjittichheid fan guon opliedingen út it sicht rekke. It moat allegearre wol betelle wurde.

De takomstige Wet taal en toegankelijkheid sil grif gjin bedriging wurde foar de Campus Fryslân yn Ljouwert. It is ommers in weardefolle ynstelling foar Fryslân, sa’t as bygelyks it Rooseveld College dat foar Seelân en Middelboarch is. It seit himsels dat ús eigen campus allinne mei it Ingelsk as fiertaal fuortbestean kin en sa’n romte moat der bliuwe. De RUG moat him dêr wol gewoan by oan de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer hâlde.

It artikel stie tongersdei 29 desimber op de opinyside fan de LC.

 

 

 

 

desimber 30, 2022 13:43
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Gauke desimber 30, 17:43

    Ik hie op ‘e NHL in healjier fakken yn in Ingelsk. Doe kamen der ek bûtenlânske studinten by. De dosinten binne der net foldwaande behendich yn en studinten doarre minder gauw fragen te stellen. Jo wienen bliid as jo gjin bûtenlânner yn jo groepke hienen sadat jo gjin Ingelsk hoechde te praten. Hielendal idioat wie dat jo sawol itselde boek yn it Hollânsk en Ingelsk keapje moasten.

    Ik bin goed yn Ingelsk en myn 5 (ofsa) heechste fakken wienen Ingelske fakken (sels myn enichste 10), want sa wurket it ek fansels. Mar binnen jo der net goed yn ha jo in dreech healjier. Ingelsk moatte jo wis kreie , mar op guon opliedingen (en banen) hat it net in soad om ‘e hakken. In karminor soe foar minsken dy’t mear Ingelsk wolle prachtig wêze. Fjirder gewoan it fak Ingelsk (spesifyk foar dy oplieding) en in pear fakken wer’t it boek dochs al yn it Ingelsk is soe genôch wêze moatte. Jo komme faak al mei in stevige basis fan it fuortset ûnderwiis. Foar guon opliedingen is Ingelsk fansels wol wichtiger.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.