Briefkje oer taal (45)
Resint ferskynd
Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief (sjoch www.itnijs.frl/2022/12/briefkje-oer-taal-44/)
Nettsjinsteande datsto ferline wike wat heal wiest, hast dochs mar in brief skreaun dy’t doel hat. Under it lêzen tocht ik dat we ferlet hawwe fan in etymologybank en in synonimebank. Sokke boeken sil gjin merk foar wêze en foar de praktyk binne digitale syksystemen folle makliker. In protte fragen kinne dan beäntwurde wurde. De ynhâld fan dyn brief gean ik no fierder net op yn, want ik haw de lêste wiken ûnder de bedriuwen troch wat notysjes makke fan kwestjes dêr’t ik it ek wolris mei dy oer hawwe wol.
De krystdagen binne foarby, mar we kinne it der noch wol efkes oer hawwe. Ik kin der bygelyks min oer as minsken it oer kryst of de kryst hawwe, ek al wurdt it yn guon wurdboeken wol neamd, mar dan as hollanisme. Is it te folle muoite om folút ‘krystdagen’ te sizzen? Want dat is it dochs, we hawwe ommers twa krystdagen, de earste en de twadde. Ik wit wol, de Peaske en de Pinkster wurde wol goed rekkene, mar it wurd kryst koene we yn it Frysk net. Wy hiene it oer krysttiid en krystdagen. Yn it Hollânsk waard it sûnt de sechstiger jierren fan de foarige iuw wat langer wat mear moade om Kerstmis ta kerst yn te koartsjen. Dêr mei ik likemin oer. Ik doch der, sawol yn it Hollânsk as yn it Frysk, net oan mei en aldergelokst jout Frysker.nl my gelyk. Dat webstee jout by it sykwurd Kerst op it plak dêr’t men dy ferwachtsje soe gjin oersetting of ekwifalint, mar it lit mei fjouwer foarbylden sjen hoe’t we ús dêr yn it Frysk mei omgeane. It fernuveret my lykwols wol dat yn dy foarbylden krysttyd stiet, wylst yn de foarkarswurdlist krysttiid stiet. Ik miende oars dat inkeld altyd en hieltyd in y hawwe en dat alle oare wurden (lykas moarntiid en maitiid) mei in lange ii skreaun wurde. Dy wurden altyd en hieltyd wol ik it ek noch oer hawwe, mar earst is krystbôle oan bar.
Hollanners sizze sûnt 1961 kerststol, dêr’t se de Dútsers mei neibauwe; dy sizze Weihnachtsstollen. No’t de bakkers harren kerststol oanpriizgje, miene Friezen dat se om in kryststol freegje moatte. Dy hoech ik net; ik haw om in krystbôle frege, en dy ek krige. Ik gean fierder mei in oar germanisme
It is apart, mar ik kaam de lêste wiken nochal ris it wurd sawiesa tsjin. Dat is fia it Hollânsk út it Dútsk helle: sowieso. Yn it Hollânsk wurdt it krektgelyk skreaun, mar yn de ferfrysking – grif mei de bêste bedoeling betocht! – is fan so sa makke, mar it wurdlid wie bliuwt Dútsk. Dy ie klinkt as y, dat it hie as sawisa (iepen wurdlid!) skreaun wurde moatten. Wie it Dútske ‘wie’ ek oerset, dan hie it hoe wurden: sahoesa. As we net sûnder dat wurd koene, hie it better sowieso bliuwe kinnen, mar we hawwe der hielendal gjin ferlet fan, want der binne genôch wjergaders: dochs al, yn elk gefal, sûnder mis, op himsels, hoe dan ek, linksom of rjochtsom. It is mar krekt wat it bêste yn it sinsferbân past.
En dan no altyd en hieltyd. Ik haw miskien net gelyk, mar om it ienfâldich te hâlden bewear ik dat altyd itselde is as it Hollânske ‘altijd’ en hieltyd itselde as ‘steeds’. By ‘altyd’ tink ik oan ‘alle kearen wer’ (foarbyld: Wy geane simmers altyd nei Skylge) en by ‘hieltyd’ oan ‘de hiele tiid’ en ‘oanienwei’ (foarbyld: Hy sit hieltyd mar te tyspeljen). Ik bin benijd watsto en oaren fan dy útlis tinke.
Noch in kwestje dêr’t ik net wis fan bin: hoe kin it wurd kedize brûkt wurde? Foar myn (taal)gefoel binne sinnen as “Dêr moatsto mar foar kedize” en “De direksje kediist oer de salarisferheging” goed en “De karkommisje kediist de nominaasjes” net. Ik tink dus dat der altyd foar of oer by moat. It skynt hjir yn de Frânske tiid ynboargere te wêzen (que dis-je? ‘wat sis ik?’), mar it hat by ús in oare betsjutting krige (neffens my: earne oer gean, earne mei rêde, beslisse én útfiere).
Ik winskje dy in noflik âld en nij en in produktyf 2023.
Jan
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje