Briefkje oer taal (44)

desimber 20, 2022 08:10

Ed Knotter reagearret op de lêste brief fan Jan Breimer (sjoch www.itnijs.frl/2022/12/briefkje-oer-taal-43/)

Bêste Jan,

dat wie in tige learsum stik ferline wike. Moai om dy wurden kreas op in rychje te hawwen, mei in o sa dúdlike ferklearring derby. Mannich learaar of Afûk-lesjouwer kin dêr wat fan opstekke, mar oaren fansels ek. As ik soks besjoch, komt my noch in oar aspekt yn ’t sin. Net allinnich de wurden op harsels en harren spesifike betsjutting, mar ek de grutte grimelgrammel oan wurden en betsjuttings.

Ik bin op it stuit wat heal en kin der diskear net in lang ferhaal fan meitsje, mar wol dy graach sjen litte wêr’t myn tinzen oangeande wurdmannichte en betsjuttingsnuânsen allegear hinne fleane. Dêr wol ik ek by oer taalgrinzen sjen.
Fan it Ingelske wurd any haw ik nea sa dúdlik beseft hoe nei oft dat tsjin iennich oan leit (aardich om te sjen dat yn dat Ingelske wurd it g-lûd weiwurden is, wat by Fryske wurden ek withoefaak it gefal is,  mar dêr sjoch ik no fierders net nei – ik moat myn tinzen net oeral hinnefleane litte – en hâld it by de wurden mei harren spesifike betsjuttings). Yn ús iennich is it telwurd ien te sjen en yn it Dútske einig is dat mei eins allyksa. Mar yn any sjoch ik dat net. Dy a yn any soe fan it (ûnbeskaat) lidwurd komme kinne, mar it telwurd one sit der net yn. Mei anyone wurdt it noch dreger. It moat in hiele toer wêze om it ferskil tusken everybody en anybody út te lizzen. Ik soe it net kinne, mar ik begryp wol dat yn any soks sit as ‘wa dan ek mar’. Ferlykje anyhow, anywhen en anywhere. Ingelsen hawwe fansels harren eigen taalgefoel. Mei in m derfoar [many] ûntstiet der in bysûndere betsjuttingsferskowing. “Geweldich”, hear ik ien sizzen.

It Dútske einig bringt my weinig yn ’t sin. It Hollânske wurd dat yn it Frysk it bêste mei ‘in bytsje’ oerset wurde kin. Nuver genôch hat it Dútsk net weinig, mar wenig, wylst dêr dochs it Hollânske enig yn sit. En hoe sit it mei (der, die, das) Wenigste? Yn it Dútsk wurdt dêr in hiel lyts bytsje mei bedoeld, mar men kin jin ôffreegje oft it no te rêden is om in rangtelwurd (lykas by ús de iennichste, of de safolleste), of om in oertreffende trep (it alderlytste bytsje)?

Hjirboppe neamde ik al efkes many en dat komt tichteby it Dútske manch (it g-lûd is werom), mar betsjut net itselde. Manch liket mear op ús mannich en it Hollânske menig (wer mei in sichtber telwurd) en der past ek sommige by. ‘Guon’ beskôgje dat wurdt as in Hollanisme en somlike wurdt net faak mear brûkt. Yn it Mooringer Frasch bestiet foar guon njonken hu ek sam. Ik wit net oft dat Noardfryske wurd op deselde wize útsprutsen wurdt as it Ingelske some, mar dat soe bêst ris sa wêze kinne.

Myn skriuwen is wol hiel bot assosjatyf, mar dat haw ik mei sin dien, om’t dat te krijen hat mei wat ik hjir op it aljemint bringe wol: Hoe grut, hoe ferskillend en ferskaat, kin de hoemannichte oan wurden, oan taal en talen, wol net wêze? Mei in ûneinichheid oan betsjuttings. Hoe is it mooglik dat wy dat allegear ûnderskiede kinne! Hâld it mar op in soarte fan wûnder; dat past wol aardich yn desimbermoanne.

Ik winskje dy wûndermoaie krystdagen,

Ed

desimber 20, 2022 08:10
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Henk desimber 20, 10:32

    Goeie, mannen,

    ‘Any’ is krekt as ‘iennich’ in ôflieding fan it telwurd 1. Yn it Aldingelsk wie dat ‘aan’. De útspraak fan it telwurd 1 as ‘wan’ (mei skriuwwize ‘one’) is fan letter datum.

    De wurden ‘weinig’ en ‘wenig’ binne net besibbe oan ‘enig/einig/iennich’. Se ha neat te krijen mei it telwurd 1, mar binne ôflaat fan (wjergaders fan) it wurd ‘wee’ foar pine.

    ‘Menig/mannich/many/…’ binne ek net besibbe oan it telwurd 1. ‘Many’ hat dan histoarysk sjoen dan ek neat mei ‘any’ te krijen. Yn allegear Yndo-Europeeske talen komme oan ‘many’ besibbe wurden foar mei de betsjutting ‘in soad’. It Russysk hat bygelyks ‘mnogo’ en it Welsk hat ‘mynych’. Nei alle gedachten binne dat allegear foarmen dy’t dy talen streekrjocht út it Yndo-Europeesk oerholden ha.

    Freonlike groetnis,
    Henk

  2. Henk desimber 20, 12:46

    P.S.
    It Noardfryske ‘sam’ wurdt útsprutsen as [sɑm] (en rimet op ús wurden ‘klam’ en ‘flam’).
    Foar it Ingelske ‘some’ besteane ferskillende útspraken, wêrûnder [sʊm] en [sʌm]. Oft der ek Ingelsktaligen binne dy’t [sɑm] sizze, wit ik net.

  3. jangerben mulder desimber 20, 18:45

    Ik skriuw no sân jier ferhalen foar de krante ‘Groot Heerenveen’, Mar as ik jimme brieve skriuwerij lês, kin ik wol ophâlde mei it skriuwen.

  4. Ed desimber 20, 19:03

    Nee, Jangerben, perfoarst net ophâlde! By it skriuwen foar de krante giet it om de taal fan de lju (it folk en dat is elkenien) yn trochsneed. It moat wol sa goed en sa geef mooglik, mar al dy taalkundige feiten en feitsjes dy’t ‘it folk yn trochsneed’ ek gjin weet fan hat, hoechst net by stil te stean. De opmerkings hjirboppe binne tige nijsgjirrich, mar dy wist ik ek net. Dêr hoege wy ús net foar te skamjen.
    Ed

  5. Ed desimber 20, 19:16

    Tankewol Henk, foar de nijsgjirrige ynformaasje. Ik lear faak fan dy.
    De M foar any [many] en de W foar einig [weinig] wie fansels gekoanstekkerij. Mar dat paste sa moai yn de strekking fan myn skriuwen, nammentlik dat wy sûnder kennis fan de troch dy neamde feiten al dy wurdsjes brûke kinne. Fassinearjend en ‘geweldich’.
    Fraach: hat it Mooringer Frasch ‘überhaupt’ it lege o-lûd fan some (fan hok bedoel ik)?
    Groetnis Ed

  6. Henk desimber 20, 20:15

    Goeie Ed,

    De wurdsjes ha fansels betsjuttingen dy’t yn itselde semantyske fjild lizze, dat ik soe it net ien kwea ôfnimme as er oannimme soe dat de wurdfoarmen ek besibbe binne.

    Ik wit net oft it Ingelsk de fokaal fan ‘hok’ ek yn ‘some’ brûke kin, mar it Mooring hat him wol. Hy wurdt dêr skreaun as in å. De útspraak fan ús ‘kat’ en dy fan it Mooringer ‘kåt’ binne wakker gelyk.

    Tank foar de noflike reaksje en foar alle moaie brieven dêr’t jim de minsken op traktearje. Ik lês se altyd mei wille.

    Groetnis fan Henk

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.