Briefkje oer taal (43)

desimber 13, 2022 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief (sjoch https://www.itnijs.frl/2022/12/briefkje-oer-taal-42/)

Bêste Ed,

Do neamdest yn dyn brief fan ferline wike it Verwarwoordenboek fan Jan Renkema. In prachtich boek! Do fûnst doe net watsto sochtst. Dat ik dêr op weromkom is omdat op side 109 sân wurden besprutsen wurde dy’t wat de betsjutting oangiet allegearre ticht byinoar lizze: enige, enkele, ettelijk, meerdere, sommige, verscheidene en verschillende. De lêste twa hawwe do en ik al it nedige oer sein, de oare wurden dy’t Renkema neamt, is mei it each op oersettingen nei it Frysk ek wol wat oer te sizzen.

enige kin op mear as ien manier oerset wurde: wat ynspanning, in pear kranten; wa’t in pear letterlik as twa opfettet, kin gebrûk meitsje fan in bytsje, in stik of wat of in stikmannich (minsken bygelyks).
Leaver net in tal (‘hy melkt in tal kij’), want tal kin fan alles wêze, in soad of in bytsje; it drukt net út wat de bedoeling is: net al te folle.
As enige as telwurd brûkt wurdt kin net mei iennige oerset wurde: enige tijd = in hoartsje, skoftke, poaske, tydsje of wat tiid (‘der kin wat tiid mei hinnegean’).

enkele leit dêr sa ticht by dat de oersettingen dy’t by enige neamd wurde dêr ek foar brûkt wurde kinne. En inkeld(e) dan? Leaver net, want dat is ek de tsjinstelling fan dûbelde.

ettelijke tsjut op in bytsje mear as yn de foarige gefallen bedoeld waard. Dêr hawwe wy de wjergader ytlike foar (‘ik haw it ytlike kearen besocht’), gâns (‘hy hat gâns yn ’e akte’ = hy hat in soad te sizzen), gâns wat (‘dy opperteur hat gâns wat meistanners’) en mannich (‘ik haw him mannich kear warskôge’).

meerdere hat net meardere as Fryske wjergader, mar wol mear of mear as ien (‘der wiene mear tsjinstimmers’ of: ‘der wie mear as ien op tsjin’), nochal wat en ûnderskate. Yn al dy gefallen bedoele we: mear as in bytsje, mear as ferwachte waard.

sommige wurdt wol letterlik oerset, mar wa’t leaver in wurd brûkt dat minder Hollânsk liket, hat guon ta syn foldwaan (‘guon minsken meie dêr net oer’, mar ek: ‘guon hâlde dêr net fan’). Somlike kin ek, mar dat komme we net sa faak (mear) tsjin.

Yn alle hjir boppe neamde gefallen giet it om ûnbeskate, net krekt fêst te stellen oantallen. Foar itselde doel kinne ferskillende wurden brûkt wurde, dy’t itselde of hast itselde betsjutte. Lestiger is it as in selde wurd mear as ien betsjutting hat (krekt oarsom dus). Do hiest it yn dyn brief ek oer it wurd wurksum. Dat hat ferskillende betsjuttingen. Do hiest it heard yn de betsjutting fan bewurklik. Dat is de 4de betsjutting dy’t it Frysk Hânwurdboek derfan neamt. Sjoch it plaatsje dat ik dêrút kopiearje:

Do hellest J.K. Dykstra oan, dy’t yn syn Op ’t aljemint (1978) foarkomme lit as soe bewurklik (ynspanning freegjend wurk dus) de iennige betsjutting wêze. Foar it Hollânske werkzaam jout er warber en skrepsum as wjergaders. Ik leau der lykwols neat fan dat sa’n fjirtich, fyftich jier lyn fan pensjonado sein wurde koe dat er ‘yn syn warbere libben by it ûnderwiis west hie’. Sa’n ien bliuwt warber as er mei pensjoen is; dat sit yn syn aard. By warber tinke we dochs wol oan in wat gruttere ynset as allinne mar sljochtwei wurksum wêze. Mar goed, wurksum kin ek bewurklik betsjutte. As it yn de situaasje dêr’t it yn sein wurdt dúdlik is, is der neat op tsjin om it sa te brûken, mar meastal sil it better wêze en brûk bewurklik of wurklik.

Dat bringt my op twa misferstannen dy’t ik nochal ris fernim: warber is net itselde as weerbaar en wurklik is net itselde as werkelijk. Twa foarbylden fan wat se yn it Hollânsk ‘valse vrienden’ neame, yn it Frânsk faux amis, it Ingelsk false friends en it Dútsk falsche Freunde. Lit ús it dan mar oer ferkearde freonen hawwe. Weerbaar is by ús striidber (in striidber folk, striidbere minsken) en werkelijk sizze wy werklik, wier of echt foar (‘ik hâld wier wol fan dy’; ‘leau my mar, it is werklik wier’).

Mei freonlike groetnis,

Jan

 

desimber 13, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.