Briefkje oer taal (42)

desimber 6, 2022 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op de lêste brief fan Jan Breimer (sjoch https://www.itnijs.frl/2022/11/briefkje-oer-taal-41/)

Bêste Jan,

Wat kin taal (wurden yn dit gefal) it ús dreech meitsje, want hoe is it mooglik dat wy sa lang briefkje, kinne oer it gebrûk fan twa wurden: ferskillende en ferskate. Dy opmerking is posityf bedoeld, want it is dochs moai om goed nei te tinken oer it krekte wurd by de krekte betsjutting. Giet it om ûnderskied troch ferskillen, of troch it oantal. It is dúdlik dat we by it wurd ferskillende fuort oan it ferskil oan eigenskippen tinke en by ferskate mear oan it oantal. Dêrom is de kombinaasje yn dyn brief: “in pakket fan ferskate ferskillende easken.” goed te begripen. Mar it aparte is, dat ferskaat wol wer ferwiist nei ferskil, nei fariaasje, ûnderskied, assortimint, yn it Hollânsk diversiteit, verscheidenheid. De betsjutting fan dy wurden leit dus wol hiel deun byinoar, mar dat wol perfoarst net sizze dat ferskillende en ferskate synonimen binne.

Ik skreau al dat it Hollânsk mei it selde ferskynsel te krijen hat en doe kaam my Verwarwoordenboek fan Jan Renkema yn ’t sin. Dêr binne wurden yn opnommen dy’t synonym lykje te wêzen, mar it krekt net binne. Spitigernôch haw ik ‘verschillende’ en ‘verscheidene’ net fine kinnen, mar dy hearre der absolút yn thús. Faaks haw ik net goed socht tusken it grutte ferskaat oan ferskillende ‘fertiiswurden’. Foar it Frysk is der it idioomboekje De Stipe (útferkocht) en dat liket der wol wat op. As der in stúdzjerjochting Frysk op akademysk nivo wêze soe, soe in semantysk ûndersyk nei sabeare synonimen in útdaagjende opdracht foar studinten wêze kinne, tinkt my. It teplak bringen fan subtile betsjuttingsnuânsen is neffens my in prachtige metoade om yn in taal troch te kringen. Do seist sels al, Jan, yn de twadde alinea fan dyn brief: “It is mar krekt wat bedoeld wurdt.” It sykjen om betsjutting, dat is it dêr’t it mei taal om te rêden is.

Fan ’t simmer hearde ik tafallich in wurd yn in betsjutting dy’t my allinnich mar út in taalboek bekend wie. Yn Iepenloftmuseum De Spitkeet op ’e Harkema wienen demonstraasjes fan âlde ambachten en dêr waard by ferteld hoe’n wurk oft it eartiids wie om alderhande gebrûksfoarwerpen of bygelyks klean te meitsjen. Hjoed-de-dei sizze wy dat it tige ‘arbeidsyntinsyf’ wie, in soad minsklike produksje-arbeid frege. Moaie wurden, mar wol wat formeel. Doe hearde ik ien sizzen: “Dat wie dus wol wurksum.” Ik wie suver wat ferstuivere, want yn dy betsjutting hie ik dat wurd noch nea heard. It bestiet dus echt, al wurdt it amper noch brûkt: wurksum is Frysk foar it Hollânske bewerkelijk, en sa stiet it letterlik yn Op ’t aljemint fan J.K. Dykstra. It is dan ek gjin wurksum libben, mar in warber libben. Op de lêste rigel yn Dykstra syn samling taaleigen lêze wy: “Hij is werkzaam bij… ”: hy arbeidet by…
Dêrmei komme wy wer op in kwestje dy’t yn ien fan ús earste briefkes alris neamd is: it ferskil tusken de haadwurdstyl fan it formele Nederlânsk en de tiidwurdstyl fan it Frysk.

No as de duvel noch efkes nei dyn grap oer diversk. Dêr moast ik fuort om gnize, want dat is, mei de klam op it foarste wurdlid, hiel wat oars as ferskaat of ferskil. Mei it wurdboek falt noch in ferskaat oan oare duvelske wurden te ûntdekken. As it hiel slim is, giet it om demoanysk en satanysk, hellich en helsk. Diversk of divekers heart justjes freonliker, sokssawat as drommelsk, bliksemsk (ferrekt of ferflokt binne foar my wer wat rûger). Der is noch folle mear, lykas blikskatersk, blikslaggers, blikstienders, blikstiens, blinders, ferdomd, wearlichs. Triviaal of net, it is nochal wat. Hoe komt it Frysk oan al dy wurden en, kin men jin ôffreegje, is der ek sprake fan betsjuttingsferskil, of oars sein, sitte der fertiiswurden by?

Mei freonlike groetnisse,

Ed

desimber 6, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.