Bouwe de Boer: Mobiliteit fan de takomst
Resint ferskynd
Kollum
Yn Kalifornië binne al streken dêr’t auto’s sûnder sjauffeur ride meie. Guon minsken dy’t tinke dat se yn ’e takomst sjen kinne, beweare dat tusken no en oer tsien jier yn in protte lannen auto’s autonoom (sels) ride kinne en meie. Nederlân soe samar sa’n lân wêze kinne. Tink ris ta wat it ynhâlde soe as auto’s folslein selsstannich fan A nei B ride kinne. Wa soe dan noch sels in auto hawwe wolle? Mei help fan in app kin men ommers altyd in auto komme litte, efteryn ynstappe, en útstappe op it plak dat men mei in mobile telefoan opjûn hat. Allinne betelje foar it gebrûk!
Yn Fryslân makket de elektryske dielauto hurd opgong. In foarrinner fan de autonome auto? Grif! Yn hieltyd mear doarpen wolle se foar harren omkriten op dy foarm fan ferfier ta. It doel is om yn de kommende fiif jier fiiftûzen minsken te finen dy’t in abonnemint op sa’n dielauto nimme. Op it stuit steane der fiifhûndert dielauto’s yn de Fryske doarpen. In moai netwurk fan dield autobesit.
No’t it sels hawwen fan in auto hurd djoerder wurdt, it thúswurkjen hieltyd gewoaner wurdt en in twadde auto net mear sa needsaaklik is, waachst de belangstelling foar dielauto’s tige. De Freonen fan FossylFrij Fryslân biede de Fryske doarpen sokke dielauto’s oan.
Nije kâns: keppeling mei oanbesteging iepenbier ferfier
It iepenbier ferfier wie yn Fryslân de lêste tolve jier yn hannen fan Arriva. Yn 2023 wurdt dat (no sa’n twahûndert bussen) opnij oanbestege. Deputearre Avine Fokkens kundigde ôfrûne wike oan dat de nije ferfierder, benammen yn streken dêr’t it busferfier net tarikkend is, nei kombinaasjes mei bygelyks dielautoferfier sjen moat. Dat jout doarpen ekstra mooglikheden om yn ’e mande mei de nije ferfierder op dielauto’s oer te gean. It doel dêrfan is om sawol de berikberens as de betelberens te fergrutsjen.
Yn de Ljouwerter wyk it Westein funksjonearret sa’n projekt mei in protte sukses. In grutte groep frijwilligers bringt wykbewenners mei in dielauto fan Arriva troch de hiele stêd teplak. Dat ferfangt de stedsbus. It docht bliken dat in dielauto úteinlik tsien persoane-auto’s ferfangt. Lit ús dan op dy frijkommende parkearplakken foar elke dielauto tsien beammen plantsje!

Boarne yllustraasje: Wijkbelang Westeinde
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje