Binne Mosk: Twillingûndersyk

desimber 1, 2022 12:00

 

Kollum

Fan iken komme ikels en fan bûkebeammen komme bûkenútsjes. Fan dy ikels komme nije iken, mar fan bûkenútsjes gjin boeken.
Ik haw my wolris ôffrege oft sterke grutte iken as neiteam ek sterke grutte ikebeammen opleverje. Dat is grif ûndersocht. Ommers, in bedriuw dat beamkes leveret, hat alle belang om klanten tefreden te stellen. It moat net sa wêze dat der in suterich beamke opgroeit.

Yn de feehâlderij is it dúdlik. Se hawwe dêr jierrenlang yngrypt yn de natuerlike gong fan saken en kij fokt mei molkeproduksje en jaren dêr’t de kij sels net grutsk op wêze sille, want it hinget swier. It belang fan erflikens wurdt erkend, sawol yn de kwekerij as yn de feehâlderij.

John Locke (1632-1704)
Skilderij fan Godfrey Kneller (1646-1723), yn Hermitage Museum. Boarne: Wikimedia Commons

Hoe sit it mei minsken? John Locke, dy’t yn ‘e santjinde iuw libbe, leaude dat de minske berne waard as in leech blêd papier, as in ‘tabula rasa’. Jean-Jacques Rousseau, dy’t hast in iuw letter libbe, hechte lykas Locke dêrom in trochslaand belang oan ûnderwiis. Erflike faktoaren diene der amper ta, sei er. Prachtich eins.

Men soe dochs sizze dat elkenien mei sûn ferstân sjen kin dat de measte bern op harren âlden lykje, sawol yn uterlik as karakter. De mieningen ferskille oer it wêrom. Guon leauwe dat opfieding de beslissende faktor is, ik tink, bin der eins wol wis fan, dat it de genen binne.

Resint wittenskiplik ûndersyk nei twillingen lit sjen dat erflike faktoaren in grutte rol spylje. Earen en eagen binne trochinoar rekkene foar 73% erflik. Foar de hichte is dat 63%, mar wat miskien net ferwachte wurdt, sels mieningen binne foar 31% erflik en hawwe dus neat mei opfieding te krijen. Dat yntelliginsje foar 67% erflik is, moat skoallen derta oansette om beskieden te wêzen.

Mar ja, gemiddelden sizze neat oer yndividuën. Gelokkich erven ús bern net alle minne kwaliteiten fan myn frou en my.

desimber 1, 2022 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.