Barstend folle DE NIJE biedt in slompe lêswille foar ûnder de krystbeam
Resint ferskynd
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust 0
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper 0
- Fytsalvestêdetocht foar it earst oant 22.00 oere te folgjen by Omrop Fryslân 0
It iennichste Frysktalige magazine hâldt op te bestean. It lytse espeltsje frijwilligers dat tydskrift DE NIJE mooglik makke, kin it langer net mear bolwurkje, no’t in wichtige meiwurker stoarn is en de haadredakteur mei pensjoen giet. Boppedat koste it de Ried fan de Fryske Beweging, dy’t it blêd útjout, in knoarre sinten, om’t de Provinsje net byspringe woe en it tal abonnees en keapers fan losse nûmers tige beheind bleau. De grutte kliber dy’t berikt wurde moast – om by te dragen oan harren taalbehâld – woe der gjin bek op sette.
Fan al dy treuricheid lit de redaksje neat skine, want it entûsjasme spat yn de barstend folle lêste jefte fan de bledsiden. Oer de takomst fan it Fryske lânskip giet it, mei mooglik in Lelyline op kommendewei, mar allyksa oer dy fan de Fryske ekonomy, de Fryske nijsmedia én de Frisistyk. En likegoed oer it ferline: de Alvestêdetocht, de midsiuwen en Grutte Pier. De ûnderwerpen wurde lykwols net beheind ta Fryslân, want der steane ek artikels yn oer keunst, ûnderwiis en de al fyftich jier eange grinzen oan de groei. Der binne fraachpetearen mei minsken fan kwizekwânsje: prefester romtlike wittenskippen Jouke van Dijk, ryksboumaster Francesco Veenstra, mjirkes prefester Frysk Goffe Jensma en filmer Steven de Jong. En der is in doarpsreportaazje oer Aldeberkeap en in natuerreportaazje út de omkriten fan Nes. En it tilt op fan de winterferhalen; om’t dy allegearre tige koart binne, passe se noch krekt yn it oerrinnend folle nûmer. Mar om’t der altyd noch folle mear te fertellen is, binne der ferwizingen nei oanfoljende ynformaasje en besibbe ûnderwerpen op ItNijs.frl, dy’t mei syktermen en QR-koaden ûntsletten wurde. Dat, DE NIJE biedt lêswille by ‘t soad foar de krystfakânsje.
In priuwke út de kollum ‘Tankewol, Poetin’ fan Abe de Vries yn de lêste DE NIJE: “Wy hawwe nammentlik al sûnt Joast Halbertsma yn ’e rekken dat spoarlinen net inkeld mar molke en huning bringe. ‘Met den stoomwagen te rijden of van den stoomwagen overreden te worden’, sa typearre Halbertsma al yn 1846 de foar- en neidielen fan it nije ferskynsel stoomtrein. Hy seach doe de globalisearring al wanken, ynklusyf de neidielen foar de regionale middenstân (dy wurdt opslokt troch massale yndustryen) en lytse regionale kultueren (dy wurde opslokt troch har getalsmjittich folle sterkere bruorren).”
DE NIJE is de kommende wiken noch te krijen yn boekwinkel, kiosk en guon supermerken. Alde jeften binne te besjen op Startside.frl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje