Arjen J. Dykstra: Dongeradiel yn beweging (7. Brantgum)
Resint ferskynd

Bertepleats Tony Feitsma. Foto © Arjen J. Dykstra
Wy nimme net it fytspaad, mar geane oer in reed tusken Waaksens en Brantgum. Oan ’e ein fan dy reed stiet justjes fierder oan de linkerkant in pleats mei in moai foarhûs. Yn dat hûs waard yn 1928 Tony Feitsma berne. Dy kaam út in âld boeregeslacht fan mennisten. In soad fan har foarâlden kamen út noardeastlik Fryslân en it Grinslanner Westerkertier. Lang hawwe se net yn Brantgum wenne. Yn de tritiger jierren binne se nei de Wieringermar tein. Se hiene in portret fan Pieter Jelles Troelstra te hingjen. Soe dat dêr wat mei te meitsjen hân hawwe?
Yn in twatalige omjouwing waard de jonge Tony har al gau bewust fan de bysûndere posysje fan it Frysk. Se begûn al Frysk te skriuwen, doe’t se noch mar seis wie. Se wennen doe op it Hollânsktalige Wieringen. Neist har stúdzje Skandinavyske talen oan de Universiteit fan Amsterdam folge se ek kolleezjes Frysk en wie se aktyf as Frysk beweger. Sûnt 1968 wurke se oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam. Nei har promoasje op it Midfrysk fan Gysbert Japicx waard se dêr bûtengewoan heechlearaar Frysk. Se hold har dwaande mei de Nij- en Midfryske taal- en letterkunde. Kultureel aktyf wie se yn it bestjoer fan de Koperative Utjouwerij. Yn de begjinjierren wie se foarsitter fan de Fryske Nasjonale Partij. Har ynstjoerde stikken yn kranten binne ferneamd.

Stânbyld Ids Wiersma. Foto © Arjen J. Dykstra
Feitsma hat har har hiele libben aktyf ynset foar de Fryske taal. Se hat in protte wittenskiplike publikaasjes op har namme. Neist taalkundige stikken skreau se ek oer Frysk ûnderwiis en de sosjale skiednis fan it Frysk. Har striid foar in eigen stavering is net slagge. Dy stavering komt eins allinnich noch foar yn de namme fan it Fûûns Fwar it Frysk. Dat fûns is oprjochte om it Frysk yn it deistich libben te stypjen. Sa stimulearret se nei har ferstjerren noch hieltyd de Fryske taal. Op 14 septimber 2022 ferskynde de biografy Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma, skreaun troch Liuwe H. Westra.
Feitsma wenne lange tiid yn Grou, it plak fan de Halbertsma’s. Se is lykwols begroeven op it hôf fan har berteplak Brantgum. ‘Strider foar it Frysk, mei kennis wapene’, stiet op har grêfstien.
Neist it tsjerkhôf stiet in stânbyld fan keunstner Ids Wiersma, yn ’e fierte noch famylje fan Tony Feitsma. Wiersma is foaral bekend om syn skilderijen en tekeningen fan it Fryske lânskip en it boerelibben. It Frysk Museum hat in moaie potleadtekening fan Wiersma. Dêr stiet de pastorij fan Foudgum op. Dat is it folgjende plak op ús rûte.
Oare wike moandei fierder.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje