Anne Dykstra: Unfoech praat (8)
Resint ferskynd
Kollum
Kul (3)

Boarne: pixabay.com
De kul hat troch syn langwerpich en útstekkend uterlik, al sit er oan ’e ferkearde kant, wol wat fan in sturt. It is net om ’e nocht dat it Latynske penis dy betsjutting ek hie. Sturt as namme foar de kul komme wy yn it Frysk tsjin yn: ‘mei de sturt yn ’e biezem rinne’, slij nei froulju wêze.
Pimel komt fan it tiidwurd pimelje, bernetaal foar pisje. Ut ’e bernetaal komt noch in rychje nammen foar de lytsejongeskul. Guon binne wer ûntliend oan nammen foar stive, langwerpige of útstekkende foarwerpen, lykas spiker, fleartûkje en fluitsje. Fierder smyt de bernetaal pukje op en it wat ûnsmaaklike slakje en rûpke. Rûp wurdt oars ek wol brûkt foar in penis dy’t al foar it grutte wurk ynset wurde kin. Soks moat men teminsten begripe út de studinteterm om-’e-rûpstrûper foar kondoom.
In kondoom wurdt ek wol kapokje of kapotsje neamd. Mei kapok hat dat neat te krijen, mar wol mei it Frânske wurd capote, dat in kapotjas is, in grutte mantel mei in kape, dy’t oeral oerhinne oanlutsen wurde kin.
Passe-partûtwurden binne abstrakte en fage wurden dy’t dêrtroch in grutte ynterpretaasjebreedte hawwe. Dat makket sokke wurden tige gaadlik om dingen mei oan te tsjutten dy’t mei seksueel bedriuw te krijen hawwe. Sa wurde foar penis wol ding of diel brûkt. Diel benammen yn ’e kombinaasje it âlde diel. Grammatikale of funksjewurden hawwe ek dy grutte ynterpretaasjebreedte. Sinnen lykas ‘hy koe der wol huning oan hawwe’, ‘him troch de hân giselje’ of ‘hy komt my der net fan oerein’ sille elkenien dúdlik wêze.
Mei de lêste útdrukking binne wy by in net ûnbelangrike eigenskip fan ’e kul oankommen. As er jo oereinkomt, hawwe jo sa’t dat hjit in stive. Pas yn dy tastân is er geskikt om brûkt te wurden foar de geslachtsmienskip. Dêrom dat de kul yn erektive tastân ek assosjearre wurdt mei geil wêzen. As ien altyd mei de hurde kul rint, wol dat sizze dat er der altyd sin oan hat. Ear’t jo mei de hurde kul rinne koene, moasten jo der lykwols earst in bonkje yn hawwe, sa’t sein waard. As dat ien kear klear wie, dan koene jo sizze dat jo in hurden hiene, dat er jo hurd wie of sels dat er jin as in dampeal stie.
Oare wike woansdei fierder.
Anne Dykstra, je kinne moarns ek lêst hawwe fan in seiklul, dan hat it neat my seks te meitsjen.It is allinne lêstich om dan yn de WCpot te pisjen.