Anne Dykstra: Unfoech praat (7)
Resint ferskynd
Kollum
Kul (2)

Boarne: pixabay.com
Alternative nammen foar de kul hawwe gauris te krijen mei stive, langwerpige of útstekkende foarwerpen, lykas tam(p). Tamp is in skipsterm en it betsjut ‘útstekkend ein tou’. In roede is eins in lange tinne tûke of prikke en dus gaadlik as metafoar foar de penis. As in frommeske ‘fan ’e (huning)prikke slikke hat’, dan hat se seksueel kontakt hân of moat se trouwe.
Eintsje is de beneaming foar in útstekkend diel fan in beskate lingte en dus in moaie namme foar de kul. ‘Hy kin der gjin eintsje oan meitsje’, sizze de lju fan in man dy’t allinnich dochters hat. Fan in frommes dat wat frjemd of wiidskonkich rint, wurdt wol sein: ‘dy hat der grif noch in eintsje yn fan justerjûn’. Oan ’e biljertsport, dêr’t men mei in lange rjochte stôk stjittende bewegings makket, is de namme de koarte keu ûntliend.
Troch syn foarm en de op- en delgeande beweging is ek de strykstôk in gaadlike metafoar foar de kul. Ik bin him lykwols allinnich tsjinkommen yn in fêste útdrukking. By Rink van der Velde bygelyks: ‘Us heit hie wol hars oan ’e strykstôk, dat wy wienen as bern mei ús tolven.’ Ik begryp dy metafoar oars net alhiel, want wurdt ‘hars’ by it fioelespyljen net brûkt om de strykstôk stroefer te meitsjen?
Stekwapens as metafoar foar de kul hat it Frysk yn spear en sabel. As jo der yn ’e letterlike sin mei de blanke sabel op los gean, sil jo dat wol in beskaat gefoel fan feilichheid jaan. Yn ’e figuerlike sin is it hjoed-de-dei lang net wis oft in aksje mei de blanke sabel goed foar jo ôfrinne sil. It wurd pik past ek wol wat yn dit rychje. It is wol net in stekwapen, mar it hat nei alle gedachten te krijen mei pikhouwiel, dat wol in puntich, skerp stik ark is.
Ut it wapenskift komt fierder it wurd bout, yn ’e betsjutting fan ‘pylk’. Halbertsma jout dêr twa foarbylden fan. ‘Hja krige de bout yn it gat’, haar maagdelijkheid is voorbij, en ‘hja hat de bout al wei’, zij is zwanger.’
Sûnt it útfinen fan it buskrûd wurde ek nammen fan oar sjitark brûkt foar dêr’t de man sa grutsk op is, gewear, bêdgewear en bêdbuks. Fan in man dy’t neat mear klearmakket wurdt nammers sein dat er de wapens ynlevere hat.
Reaksje op shit
Yn in eardere ôflevering fan Unfoech praat hold ik út dat der net in Fryske wjergader wie foar it Ingelske ‘shit’. Dat wie Goaitsen van der Vliet net mei my iens. ‘Hoesa gjin Frysk foar SHIT!, freget er him ôf, ‘wat is der mis mei SKYT!, dat ken ik fan âlds.’
No, neat eins, mar doe’t ik it shitstikje tweintich jier lyn skreau, wie ‘skyt!’ my net eigen, noch hieltyd net eins, en ik hear it ek nea immen sizzen. Mar it Frysk Hânwurdboek (FHWB) fan 2008 hie ‘skyt’ al as ‘útrop om ôfkear, lytsachtsjen, ûnferskilligens oan te jaan of om in wegering te fersterkjen.’ Yn ’e foarbyldsinnen dy’t it FHWB jout, liket ‘skyt!’ foar myn gefoel oars tichter by ‘fuck!’ te stean as by ‘shit!’, mar dat sil foar oaren oars wêze. Dit binne de foarbylden: ‘Skyt allegearre’; ‘Skyt, dat doch ik net’; ‘Skyt fatsoen/gewisse/publike opiny.’ Mar tank foar de reaksje, Van der Vliet. Mear reaksjes binne wolkom.
Oare wike woansdei fierder.
En sit it ek net in bytsje yn “skytmerakels” en “rin te skiten”?