Alle artysten foar De Fryske Nije bekend

desimber 4, 2022 08:41

It folsleine programma foar it yntime jûnfestival De Fryske Nije fan tongersdei 8 desimber is bekend. Yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert sille njonken de sjongeressen Immen en Marije de Vries ek it oanstoarmjende talint Rowan en Boaz optrede. It programma wurdt folslein makke mei Zea en de elektropopformaasje Merina Gris út it Spaanske Baskelân.

Boarne: Liet

De muzikanten sille njonken harren gongbere repertoire ek Frysktalige lietsjes hearre litte. Dêrneist sille trije wurdkeunstners fan Dichter Bij Leeuwarden in optreden jaan. Dat binne Gabrielle Terpstra, Christa Niklwicz en Joel Hut.

De Fryske Nije is in nij inisjatyf fan it Frysktalige sjongfestival Liet, dat alle jierren in sjongkriich foar it Frysktalich liet organisearret. “Wy ûntwikkelje graach nije inisjativen. Dêrby behelje we foaral ek jong talint. Wy sjogge dat jonge muzikanten dy’t profesjoneel dwaande binne, benammen yn oare talen as it Frysk sjonge. As Stichting Liet wolle wy se just útdaagje om útstapkes nei it Frysk te meitsjen”, seit foarsitter Gerard van der Veer fan Liet.

De komst fan De Fryske Nije betsjut net dat Liet ophâldt mei de organisaasje fan de sjongkriich. “Mooglik sille we wat mear ôfwikselje. Mar Liet en Liet Ynternasjonaal bliuwe yn alle gefal bestean. Foar 2024 hawwe har alwer in stikmannich lannen meld foar de organisaasje fan Liet Ynternasjonaal”, lit Gerard van der Veer witte.

De Fryske Nije yn poppoadium Neushoorn set tongersdei 8 desimber om 20.00 oere útein. Der binne noch kaarten te krijen fia de webside fan Neushoorn.

desimber 4, 2022 08:41
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. L desimber 5, 08:27

    In namme fan neat, seit neat, nije wát?

  2. Janke Walstra desimber 8, 20:24

    Krekt as Hollandse nieuwe, dat seit neat en slacht ek nearne op

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.